SGK '47

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

SKG '47 wie in hânbalklub út Sint-Anne, oprjochte yn 1947. Yn 2007 gie de feriening in gearwurkingskontrakt oan mei Hânbalferiening Stiens. Yn 2008 ûntstie hjirút de Fryske Hânbal Kombinaasje FHC.

FHC hat mei de Stifting Ljouwert Hânbalstêd en Hânbalferiening Cometas in oerienkomst sluten oer in assosjaasje. Troch dit twajierrige gearwurkingsferbân kinne twa manljusteams meidwaan oan de lanlike kompetysje sadat der yn Fryslân op heech nivo spile wurde kin.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]