Springe nei ynhâld

Curtiss SB2C Helldiver

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan SB2C Helldiver)
Curtiss SB2C Helldiver


Rol Dûkbommesmiter
Makkers Curtiss Wright Fairchild (Kanada) (SBF), Canadian Car & Foundry (SBW)
Untwerper Don R. Berlin
Earste flecht 18 desimber 1940
Yn tsjinst Desimber 1942
Ut tsjinst 1959 (Italjaanske Loftmacht)
Tal makke 7.140 (1943–1945)
Brûkers United States Navy, United States Army Air Forces, Frânske Loftmacht, Keninklike Taiske Loftmacht
Farianten Curtiss SB2C 3, Curtiss SB2C 4, Curtiss SB2C 4E, Curtiss SB2C 5, Curtiss SB2C 6
Twa SB2C-3's boppe de USS Hornet, 1945

De Curtiss SB2C Helldiver wie in fleandeksip ôf operearjende dûkbommesmiter fan de Amerikaanske marine yn de Twadde Wrâldkriich. It tastel ferfong de Douglas SBD Dauntless by de US Navy. Nettsjinsteande syn gruttere ôfmjittingen, koe de SB2C folle hurder as de SBD. De fleanders joegen de Helldiver de bynamme Big-Tailed Beast (of allinne Beast),[1] Two-Cee en Son-of-a-Bitch 2nd Class (nei de typeoantsjutting, mar ek fanwege guon minne fleaneigenskippen, benamme by it opstigen en lânjen).[2] It like wol dat sawol piloten as seelju net oer it tastel mochten.[3]

Salang at de Helldiver tsjinne hat, wiene der swierrichheden en fertragingen by de produksje. Op 11 Novimber 1943 waard de Helldiver foar it earst by in oanfal ynset, wylst it prototype yn novimber 1940 al fleach. Rillegau waard der doe lykwols fan de gefjochtspotinsje fan tastel grute.[4]

De produksje heakke geregeldwei; doe't 900 tastellen as A-25 Shrike oan de USAAF levere waarden, hienen sy der dêr al gjin ferlet mear fan. Grutte oarders fan de Britske Keninklike Marine (26, dy't net brûkt binne) en de Australyske Loftmacht waarden ôfsein fanwege minne fleankarakteristiken.
It Truman Committee ûndersocht de produksje fan de Helldiver en kaam mei in ferneatigjend rapport , wat it begjin fan de ein fan Curtiss betsjutte. Nettsjinsteande alle swierrichheden, waarden yn de lêste twa jier fan de oarloch yn de Pasifyk goede resultaten helle troch de yngeande trening fan de bemanningen.[3]

Totaal binne der 7.140 eksemplaren fan boud.

Spesifikaasjes (SB2C Helldiver)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Bemanning: 2, piloat en radiotelegrafist/skutter
  • Lingte: 11.2 m
  • Spanwiidte: 15.2 m
  • Hichte: 4.5 m
  • Wjuoerflak: 39.2 m²
  • Gewicht leech: 4.588 kg
  • Gewicht laden: 6.202 kg
  • Maks. gewicht by opstigen: 7.600 kg
  • Motor: 1 Wright R-2600 Cyclone radiaalmotor 1.900 hk
  • Topfaasje: 473 km/o
  • Fleanberik: 1.900 km
  • Plafond: 7.600 m
  • Stiichfaasje: 8.9 m/s
  • Bewapening
    • 2 × 20 mm (.79 in) fluchfjoerkanon yn de wjukken
    • 2 × 0.30 in (7.62 mm) M1919 Browning masinegewearen efteryn cockpit
    • Bomlading in bomrûm: 2,000 lb (900 kg) of 1 × Mark 13-2 torpedo
      Bomlading ûnder fleugels: 2 x 500 lb (225 kg)

Te ferlykjen fleanmasines:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. O'Rourke, G.G, CAPT USN. "Of Hosenoses, Stoofs, and Lefthanded Spads." United States Naval Institute Proceedings, July 1968.
  2. Shettle 2001, p. 29.
  3. 3,0 3,1 Ethell 1995, p. 221.
  4. Forsyth 1991, Foreword