Springe nei ynhâld

Sâltnomade

Ut Wikipedy
De jak wurdt in protte brûkt yn karavanen

In sâltnomade is in nomade yn Tibet dy’t sâlt (yn de foarm fan halyt, stiensâlt) yn in karavaan fan de heger lizzende dielen yn de Himalaya nei de legere gebieten ferfiert om it troch ruilhannel te wikseljen foar koarn en oar steapelfiedsel (staple food, basisfiedsel). Sâltnomaden folgen ûnder oaren de Tee-Hynsterûtete, ek wol súdlike siderûte hjitten.

De nomaden drêgje it sâlt út de sâltmarren fan de Changtang. De marren wurde de 'Triennen fan Tara' neamd yn de Tibetaanske mytology en ek de eagen fan ûnderierdske wêzens dy't dêrmei sjen kinne wat der op ierde bart.
De tochten binne 50 oant 100 kilometer lang. De karavanen kinne út hûnderten jaks, mei it sâlt op de rêch, bestean. De sâltkaravanen binne omjûn mei rituelen út it Tibetaansk boedisme en de Tibetaanske astrology, bygelyks de datum fan fuortgean, it bepalen fan de rûte en it tiidstip fan opslaan fan kampeminten ûnderweis, wurde sekuer bepaald.

De sâltkaravanen hawwe anno 2000 konkurrinsje fan Sineeske hannelers dy’t it sâlt mei frachtweinen ferfiere. De moderne metoade fan sâltwinning feroarsaket legere prizen en dêrom binne der net safolle nomaden mear oer dy't de drege winning beoefenje en de drege tochten nei de koarnboeren meitsje.

De sâltkaravanen wienen it ûnderwerp fan de Dútske-Switserske dokumintêre Die Salzmänner von Tibet út 1997 en de Nepaleesk-Frânske film Himalaya - l'enfance d'un chef út 1999. Beide films foelen mear as ien kear yn de prizen.

Fergelykbere sâltrûtes binne te finen yn Noard-Afrika, fia de Sahara troch nomaden, en yn it ferline ek yn Europa (Frankryk, Dútslân).