Springe nei ynhâld

Ryksabdij Salem

Ut Wikipedy
Ryksabdij Salem
Wapen
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Baden-Württemberg
koördinaten 47° 46' N 9° 38' E
Kleastergegevens
oarde Sistersjinzers
oprjochting 1137
opheffing 1804
Webside
Side fan Salem
Kaart
Ryksabdij Salem (Dútslân)
Ryksabdij Salem

De Ryksabdij Salem wie in kleaster fan de sistersjinzers yn de gemeente Salem yn de Dútske dielsteat Baden-Württemberg en ien fan de rykste en wichtichste abdijen út de omkriten fan de Bodensee. Fan 1155 oant 1803 wie it in selsstannige steat fan it Hillige Roomske Ryk.

It yn de jierren 1137-1138 stifte kleaster wist yn de lette midsiuwen syn posysje en de privileezjes goed út te bouwen. Mar yn de 17e iuw krige it kleaster lêst fan oarloggen en in brân feroarsake de folsleine ûndergong fan it kleaster. In twadde bloei sette yn de 18e iuw útein mei de bou fan de beafeartstsjerke Birnau as in sintrum fan de Súdwest-Dútske rokoko en de oprjochting fan de earste spaarbank fan Dútslân.

It wiidweidige kleasterkompleks (boud yn de jierren 1697–1706 troch Franz Beer) mei de heechgoatyske munstertsjerke fan Salem (liknernôch 1285–1414) gyng yn 1802 mei de sekularisaasje oer yn hannen fan de markgreven fan Baden. Sûnt wurdt it kompleks ek Slot Salem neamt, dat tsjinne as it domisylje fan de markgrefelike famylje en sûnt 1920 ek as in ynternaat. Yn de maaitiid fan 2009 ferkocht de famylje Von Baden it grutste part fan de gebouwen oan de dielsteat. In part wurdt lykwols noch bewenne.

Stifting en ûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bernardus fan Clairvaux
Antonio Palomino (1655–1726)

De stifting fan Salem wie yn de tiid fan Bernardus fan Clairvaux ( ± 1090-1153), dy't der yn in koart skoftke tiid yn slagge om de oarde fan de Sisterzjinzers oer hiel sintraal Europa te fersprieden. Sels hat de oardestifter nea yn Salem west, mar de earste abt fan Salem, Frowin, soe him wol kend ha en him yn 1149 as oersetter beselskippe ha om it fjoer oan te stekken foar de Twadde Krústocht. Salem wie ien fan de earste sistersjinzerske kleasters yn it Hillige Roomske Ryk, dy't fanút de abdij fan Morimond stifte waard. Morimond wie ien fan de fjouwer primêre abdijen fan de sistersjinzers.

Yn it jier 1137 of 1138 krige Salem de status fan abdij. Oant hjoeddedei binne der ferskillende mieningen oer it krekte stiftingsjier fan Salem. Alhoewol't nij ûndersyk de datum 15 maaie 1138 neamt, dy't op in Himelfeartsdei foel, hâldt de kleastertradysje it jiertal 1134 oan. Yn 1984 waard it 850-jierrich jubileum fan de abdij fierd.

Salem tsjinne as rykskleaster ek as ûnderkommen foar de reizgjende keizers. Sa besocht keizer Freark III op 20 augustus 1485 it kleaster. De doetiidske abt Johannes Stantenat wist fan dy besite handich gebrûk te meitsjen troch belangrike privileezjes út te ûnderhanneljen. Sa joech in keizerlike frijbrief fan 26 maaie 1487 it kleaster it rjocht om ûnder ûnderdanen sels belesting te heffen en dejingen dy't de heffing net betellen sels te straffen. Ek mocht Salem tenei sels syn beskermhear kieze en ôfsette. Dêrmei hie Salem de folle ryksûnmidlikheid mei de measte privileezjes fan in ryksstân opstrutsen. Tsjinne it kleaster nei de stifting noch as in polityk ynstrumint, no besiet it kleaster mei alle privileezjes de grutst mooglike autonomy.

Keizer Karel V liet op de Ryksdei fan Worms yn 1521 nochris de privileezjes fan de abdij en syn beskerming fan it Ryk fêstlizze. Yn dy tiid berikte Salem yn syn rykspolitike betsjutting syn hichtepunt: yn de jierren 1500 en 1521 waarden de abten fan Salem beneamd as lid fan it tweintichkoppige ryksrezjimint, dat ûnder foarsitterskip fan de kening de politike lieding yn it Hillich Roomske Ryk hie.

De let 13e-iuwske munstertsjerke

It opkommen fan it protestantisme en de reformaasje yn de 16e iuw hie ek grutte gefolgen foar de Sisterzjinzers. Likernôch de helte fan de Dútske kleasters waard sletten en dêrûnder ek Salem's dochterkleaster Königsbronn. Salem sels lei yn katolyk gebiet en bleau sadwaande bestean. Yn it no lytsere Dútske kleasterlânskip woeks de betsjutting fan Salem namste mear: de generaal-abt fan Morimond beneamde de abt fan Salem yn 1596 ta fikaris-generaal fan de oardeprovinsje Opperdútslân, mei it rjocht tenei sels abten te wijen.

Minder belestingynkomsten en plonderingen yn de oarloggen fan de 16e iuw besoargen de abdij finansjele swierrichheden. Grutte skea ûnstie yn de Schmalkaldyske Kriich, doe't omswalkjende troepen beskermingsjild fan it kleaster opleinen en ferpleging of ûnderkommen easken. De skulden en hege belestings twongen it kleaster hiele doarpen en tsienderjochten foar in apel en in aai te ferkeapjen. It duorre oant yn de 18e iuw dat de ekonomyske sitewaasje wer ferbettere.

Mar ek al wiene der prakkesaajses oer it jild, dochs naam Thomas I Wunn fuort nei syn oanstelling as abt yn 1615 it kleaster út te bouwen. It kleasterkompleks wie yn dy tiid ien fan de grutste bouprojekten yn de kontreien. De âlde kleastergebouwen, yn de rin fan de iuwen withoefaak ferboud en feroare, waarden ferfongen troch in nij kompleks yn unifoarme styl.

Yn de Tritichjierrige Kriich (1618–1648) rekke it kleaster tusken de striidzjede partijen. De abdij hie op 'e nij te meitsjen mei rûnswalkende troepen, dy't it kleaster jimmeroan wer bestielen en plonderen en dêrnjonken ynkertiering easken. Salem hie him yn 1609 by de Katolike Liga foege, mar wegere sûnt 1623 noch by te dragen oan de Liga om't troepen fan dy Liga it kleaster ôfsetten en jild easken, mar faaks ek om't it kleaster benaud wie dat it protestantske Württemberg by in oerwinning mei in lid fan de Katolike Liga ôfweve soe. Yn 1632 foelen Sweedske troepen Súd-Dútslân binnen. Yn de maaitiid fan 1634 liet de Sweedske fjildmaarskalk Horn it kleaster plonderje. Wat letter fernielden soldaten dielen fan de munstertsjerke. Faak moast de abt mei syn mienskip nei Konstanz flechtsje en yn 'e hjerst wie de abt sels twongen om it kleaster op te heffen en de muontsen nei oare kleasters te stjoeren. Pas mei de wapenstilstân tusken Beieren, Sweden en Frankryk yn maart 1647 kearde yn Salem de rêst werom. Foar safier de muontsen noch libben koene hja no werom komme, mar de skulden fan it kleaster wiene heech en op 'e nij moast der besit ferkocht wurde om it kleaster wer op te bouwen. Salem bleau lykwols noch in hiel skoft yn 'e skulden sitte en koe de needsaaklike reparaasjes oan de gebouwen hast net betelje.

Brân en nijbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Kleasterbrân fan Salem
Andreas Brugger

Yn de nacht fan 9 op 10 maart 1697 ûnstie der brân yn in stikkene hurd yn de wachtromte yn it noardeasten fan it kleaster. It fjoer wreide him gau út en mei't it houten dakstuolte oantaast waard, sprong it fjoer fan dêr oer op it sikehûs en oare kleastergebouwen. De measte kleastergebouwen gyngen ferlern en allinne de munstertsjerke en in westlike fleugel fan it abdijgebou bleaune sparre. In grut part fan de keunstskatten en de weardefolle manuskripten fan de abten gyngen ferlern, mar de bibleteek en it kleasterargyf dêrfoaroer bleaune beholden.

In pear wike nei de brân waard beletten it kleaster fan de grûn ôf wer nij op te bouwen. De boumaster Franz Beer waard oansteld, dy't it grutskalich kompleks delsette moast. Abt Stephan I Jong slagge der yn 350.000 gûne foar de bou op te bringen. De bou duorre mar tsien jier en al yn 1706 waard in diel yn gebrûk nommen.

Yn de rin fan de kontrareformaasje yn de 17e iuw sette de katolike tsjerke útein om yn hillige gebouwen in oerweldichjende byldepracht oan te bringen en leauwigen te oertsjûgjen fan de gloarje fan God. Soks paste eins net by de sistersjinzers om't de regels fan Sint-Bernardus oars learden. Dy ferbeane it om kleastergebouwen te fersieren, mar Bernardus makke in útsûndering op de regel: ienfâld wie allinne ornearre foar de leden fan it kleaster, dy't troch tefolle pronksucht ôflaat waarden fan devoasje, wylst leken krekt mei pracht en praal makliker foar it leauwe oer te heljen wiene.

Rokokodekoraasjes yn it refektoarium

Mei dat besef en harren represintaasjeplicht as keizerlike abdij makken de keunstsinnige 18e-iuwske abten fan Salem in sintrum fan rokoko. Byldhouwers, skilders en boumasters waarden nei Salem roppen om foar de dekoraasjes fan de kleastergebouwen en de fierdere ûntwikkeling fan praal te soargjen. Ferskillende leden fan de saneamde Wessobrunner Skoalle wurken in skoft yn Salem; de byldhouwersfamylje Feuchtmayer en harren wurkers libben dêr en bleaune generaasjeslang yn tsjinst fan it kleaster.

Beafeartstsjerke fan Birnau (1850)

It grutste bouprojekt út dy tiid wie de beafeartstsjerke fan Birnau, dy't de boumaster Peter Thumb fan 1746 oant 1750 op in heuvel oan de Bodensee bouwe liet. In oar projekt dat in soad yndruk makke wie de ûnbidich grutte klokketoer op de munster, dy't Johann Caspar Bagnato ûntwurp.

Salem mei de yn de 18e iuw boude en de 19e iuw ôfbrutsen toer boppe de munstertsjerke

Njonken sikesoarch en it helpen fan earmen wie in oare taak fan de abdij de fersoarging fan de wezen. Om't it fermogen fan wezen faak troch harren fâlden of stiefâlders oantaast waard, stifte abt Anselm II yn 1749 de wezekas, om dêr it fermogen fan wezen rintedragend ûnder te bringen. De wezenkas fan Salem wurdt beskôge as de earste sparbank fan Dútslân, om't it gjin partikulier kredytynstitút foar keaplju wie, mar in publike organisaasje dy't it jild fan lytse sparders behearde. Neffens dat foarbyld waarden letter ek op oare plakken yn Dútslân wezekassen stifte.

Salem yn 1798

Frânske troepen marsjearden yn 1795 it Bodenseegebiet yn en namen fanút Frankryk harren anty-klerikale hâlding mei. De kleastermienskip waard ferskillende kearen twongen te flechtsjen nei Switserlân. Sawol de Frânske troepen as de Russyske troepen, dy't yn 1799 ynmarsjearden, twongen de abdij beskermjild te beteljen.

Salem wie troch de revolúsjonêre omstannichheden yn Frankryk al fan de oardestruktuer isolearre en syn bestean wie troch de oarloch ûnwis, doe't op 24 augustus 1802 de bûtengewoane Ryksdeputaasje gearkaam om oer de opheffing fan de geastlike ryksstannen te praten. Om de skea fan de Dútske foarstedommen goed te meitsjen waarden de besittings fan de kleasters sekularisearre. In soad hearskers lieten de kleasters op harren gebiet noch yn de hjerst fan itselde jier yn beslach nimme. En sa barde dat ek mei it kleaster Salem, dat op 1 oktober provisoarysk en op 4 desimber 1802 offisjeel troch de markgreve Karl Friedrich von Baden yn besit nommen waard. It Reichsdeputationshauptschluss fan 25 febrewaris 1803 ratifisearre dat beslút en besegele dêrmei it lot fan Salem. Op 23 novimber 1804 waard de abdij definityf sletten. De measte muontsen ferlieten it kleaster en setten harren as preester nei wenjen yn omlizzende plakken. Oars as op in soad oare plakken waard it kleaster net mei geweld sletten. De opheffing waard kontraktueel fêstlein en de paters krigen kompinsaasje mei pensioenen.

Op it stuit fan de opheffing hie Salem in heech jierynkommen en in fermogen fan likernôch trije miljoen gûne, dêrûnder 330 km² lân dêr't likernôch 6000 minsken op libben. De kleasterbibleteek waard foar it measte troch de universiteitsbibleteek fan Heidelberg oankocht. It yn 1766-1768 troch Karl Joseph Riepp boude oargel waard nei Switserlân oan de stedstsjerke fan Winterthur ferkocht, in oar oargel gyng nei Konstanz. De klokken rekken ferspraat oer ferskillende plakken. Tsjerklike keunstwurken waarden ek ferkocht om dêr de grutte skulden troch de oarloch mei ôf te beteljen.

Slot Salem

Sûnt de sekularisaasje tsjinne de abdij as simmersit fan de gruthartogelike famylje, dat no 'Slot Salem' neamd waard.

It Hartochdom Baden liet nei it yn beslach nimmen tusken 1807 en 1858 in rige fan gebouwen ôfbrekke. Dêrûnder wie de hege munstertoer. Ek de parochytsjerke Sint-Leonardus, in poartegebou en oare kleastergebouwen waarden sloopt. Pas ûnder it bewâld fan Friedrich I, fan 1852 oant 1907 lânshear fan Baden, ûnstie der omtinken foar de monumintaliteit fan de gebouwen. Nei in lange striid oer de finansiering waard earste de munstertsjerke tusken 1883 en 1892 restaurearre. Dêrnei waard úteinset mei de renovaasje fan de skeinde kleastergevel.

Nei it ein fan de Earste Wrâldkriich en it Gruthartochdom Baden bleau it slot yn hannen fan de famylje Von Baden. Nei syn ôfsetting as rykskânsler waard it slot yn 1919 permanint bewenne troch Max von Baden. De eardere rykskânsler liet yn it kleasterkompleks yn 1920 in skoalle iepenje, dêr't syn eigen bern ek hinne koene. It ynternaat fan Salem is ien fan de bêste privéskoallen yn Dútslân en hat noch altiten syn sit yn it meast westlike diel fan it slot. Der wurdt tsjintwurdich allinne noch les jûn oan learlingen fan it fuortset ûnderwiis.

It kleaster hjoeddedei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De flak foar de sekularisaasje werynrjochte Kleasterbibleteek

Yn oktober 2007 makke Bernhard von Baden bekend dat er it slot ferkeapje woe om de famyljeskulden fan € 30 miljoen te fereffenjen. It regear fan de dielsteat koe it mei de famyle iens wurde om it slot en de dêrby hearrende keunstsamling foar € 57 miljoen oer te nimmen. Op 6 april 2009 waarden de akten ûndertekene. Dielen fan it slot bleaune yn besit fan de famylje en wurde ek noch brûkt troch de famylje.

De tunen fan it kleasterkompleks en it slot binne te besichtigjen. Yn septimber 2014 waarden twa nije musea iepene.

Alle jierren bringe likernôch 130.000 minsken in besite oan de abdij. Dêrmei hat de abdij as toeristeattraksje in mear as regionaal belang.

Om de gebouwen fan binnen te besjen is in groepsbesichtiging ûnder lieding fan in gids mooglik.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Salem.