Ruhr
De Ruhr is in sydrivier fan de Ryn yn de Dútske dielsteat Noard-Rynlân-Westfalen.
De rivier ûntspringt sa'n trije kilometer benoardeosten Winterberg yn it Sauerlân. De Ruhr is 217 kilometer lang en rint meast yn east-westrjochting. By Duisburg-Ruhrort mûnet de rivier út yn de Ryn.
De Ruhr is befarber oant Essen-Rellinghausen. Yn de 18e iuw wie it fral in transportier foar koalen. Ut reden fan de tanimmende skipfeart waard de rivier op ferskate plakken better befarber makke. It stienkoaleferfier wie sa'n bytsje dien mei de komst fan it spoar. Anno 2010 is de ekonomyske bestjutting fan de Ruhr rekreaasje, ferdivedaasje en ekektrisiteitsproduksje.
Oan de rivier is in oantal wetterkrêftsintrales te finen. Oare elektrisiteitssintrales brûke it wetter út de Ruhr as kuolwetter en mear as 5 miljoen minsken krije harren drinkwetter fan de Ruhr. Dêrfoar wurdt sa'n 510 miljoen m² wetter it jier út de rivier belutsen.
It Ruhrgebiet is neamd nei dizze rivier. De Ruhr mei niet betiisd wurde mei it rivierke de Roer dy't by Roermond yn de Maas rint.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ruhr fan Wikimedia Commons. |