Springe nei ynhâld

Rugen

Ut Wikipedy
Eilân Rugen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Meklenburch-Foarpommeren
Sifers
Ynwennertal 77.000 (2006)
Oerflak 926 km²
Befolkingsticht. 83 km²
'Kolos fan Prora' sjoen fan it lân ôf, yn de útbouwen: treppehal en sanitêr

Rugen (Dútsk: Rügen, Latyn: Rugia) is wat oerflakte oangiet it grutste Dútske eilân. It leit foar de Pommerske Eastseekust en heart ta de dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. De 'poarte' nei it eilan Rugen is de Hânzestêd Stralsund. It eilân is sûnt 1936 mei de Rugendaam en de Rugenbrêge oer de twa kilometer brede Strelasund ferbûn mei it fêste lân. De kust is troch alle ynholtes - yn it Dútsk Bodden of Wieken neamd - en útspringende skiereilannen en lântongen tige slingerjend.

Sirkus Pûtbûs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Byld 'Sirkus Pûtbûs' makke út in fleantúchje

Pûtbûs (Dútsk Putbus) is de jongste stêd fan it eilân Rugen en ek it âldste baaiplak op it eilân. De stêd Pûtbûs waard yn 1810 troch Wilhelm Malte I, Fürst zu Putbus stichte. Hy liet syn wenplak yn klassistyske styl útbouwe, sa dat de opset by it slot en it slotpark paste. De foarst wie ûnder de yndruk rekke fan in sirkus-plein earne yn Ingelân en dêrom liet er foar de yngong fan it slotpark in sirkel fan wite huzen bouwe. Mids dy huzen kaam in tinknulle. Oan de foarkant fan de huzen mochten allinne mar roazen plante wurde. Dêrfandinne krige Pûtbûs twa bynammen: Weiße Stadt en Rosenstadt. De Dútske namme Putbus giet werom op it Slawyske epod boz dat 'efter de Flearbosk' betsjut.

Kolos fan Prora

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op in smelle kuststripe fan Rugen tusken Lietzow en Binz waard tusken 1935 en 1939 in seebad pland en boud. Mei it each op de bou en fansels tûzenen baaigasten waard de spoarline fan Lietzow nei Binz ferlinge. Nei it opleverjen soene dêr neffens de plannen fan de organisaasje 'Kraft durch Freude' (KdF) 20.000 minsken tagelyk fakânsje hâlde kinne. De grûn waard tsjin in fikse beheining fan syn belêsting troch foarst Malte zu Putbus ôfstien oan de KdF. In jier nei it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard de bou stillein. Hjoed de dei bestiet de 'Kolos fan Prora' út acht gelike huzeblokken dy't ferdield oer twa blokken lâns de kust steane mei in totale lingte fan om en de by 4,5 kilometer. Yn dy blokken wiene de romten foar de baaigasten tocht. Yn ien fan de blokken is no in jeugdherberch en yn in oar blok is in museum oer de skiednis fan Prora. Hoewol't it kompleks ûnder beskerming stiet, ferfalle de parten dy't net brûkt wurde stees mear.

Meklenburch-Foarpommeren Flagge fan Meklenburch-Foarpommeren
Landkreise

Foarpommeren-Greifswald - Foarpommeren-Rügen - Ludwigslust-Parchim - Mecklenburgische Seenplatte - Noardwest-Meklenburch - Rostock

Kreisfreie Städte

Rostock - Schwerin

· · Berjocht bewurkje