Rudolf fan Fulda

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Rudolf van Fulda (?, foar 800Fulda, 8 maart 865) wie kronykskriuwer, learaar en teolooch oan it kleaster fan Fulda (Dútslân). Dêr studearre er by Hrabanus Maurus en soe ien fan de meast foaroansteande gelearden fan syn tiid wurde.

Yn 822 waard Rudolf oansteld as haad fan de kleasterskoalle en waard fiif jier letter ta preester wijd. Doe't Hrabanus aartsbiskop fan Mainz waard (847) gie Rudolf mei him mei, mar kaam úteinlik dochs werom nei Fulda, dêr't hy yn 865 ferstoar.

As syn wichtichste wurk wurdt de Translatio sancti Alexandri beskôge. Mei as foarbyld de Germania fan Tacitus beskreau Rudolf de ierste skiednis fan de Saksen en harren bekearing ta it kristendom.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • (nei alle gedachten 836): Het leven van St. Lioba of Leobgyth van Tauberbischofsheim

  • (843 – 847): Miracula sanctorum in Fuldenses ecclesias translatorum

  • (863 - 865): Translatio sancti Alexandri Wildeshusam anno 851 (Nei de dea fan Rudolf dienmakke troch Meginhart )
  • In kommintaar op it evangeelje fan Johannes is ferlern gien