Rosebud (Súd-Dakota)
Rosebud | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Súd-Dakota | |
County | Todd County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.064 (2010) | |
Oerflak | 34,0 km² (ynkl. wetter) 33,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 46,8 / km² | |
Hichte | 594,4 m | |
Oar | ||
Stifting | 1868 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 43°14′28″N 100°51′07″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Rosebud yn Todd County en yn 'e steat Súd-Dakota. |
Rosebud ['ɹo:uzbʌd] (Lakota: Sičháŋǧu; útspr.: [si'ʧʰã:ʁu]) is in plak fan Todd County, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Winner), is it wol it haadplak fan it Rosebud Yndianereservaat (Rosebud Indian Reservation), fan 'e Rosebud Sû Stamme (Rosebud Sioux Tribe), dy't foar it oergrutte part út Brulee-Lakota bestiet. Yn Rosebud binne it haadkertier fan 'e stamme, it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) en de measte reservaatstsjinsten fêstige, lykas de reservaatsplysje en de brânwacht. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Rosebud doe op goed 2.000 minsken.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ingelske namme betsjut "roazeknop", en komt fan 'e Rosebud Creek, it streamke dêr't it oan leit. De Lakota-namme betsjut letterlik "ferbrânde billen" ("billen" yn 'e sin fan "boppeskonken", net fan "efterst"), mar is eins in ferwizing nei de Brulee, in substamme fan 'e Lakota, dy't yn it Lakota sa hjitte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1868, doe't as gefolch fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, tusken de Lakota en de Amerikanen, it Grutte Sû Reservaat stifte waard, fêstige it BIA syn agintskip foar it grutste part fan 'e Brulee-Lakota te Rosebud. Yn 1889 waard it Grutte Sû Reservaat de helte lytser makke, wylst it restant opdield waard yn fiif lytsere reservaten. Ien fan dy fiif wie it Rosebud Yndianereservaat. Sûnt de njoggentjinde iuw is Rosebud eins in ôfhandige úthoeke bleaun, dêr't op ekonomysk mêd net in soad te rêden is en dêr't it grutste part fan 'e befolking yn earmoede libbet.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Rosebud 4,9% âlder as 65 jier en 45,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 23,2% fan 'e húshâldings út ien persoan. Neffens âldere gegevens, fan 'e folkstelling fan 2000, libbe doe 43,6% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins (foar it befolkingssegmint fan ûnder de 18 jier kaam dat op 46,8%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 94,5% Yndianen; 3,7% blanken; 0,4% Latino's; 0,1% swarten; 1,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |