Roger Waters
Roger Waters | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Roger Waters 2011 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | George Roger Waters | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 6 septimber 1943 | |
berteplak | Great Bookham | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Basgitaar | |
jierren aktyf | 1964 – No |
George Roger Waters (Great Bookham, Greefskip Surry, 6 septimber 1943) is in Ingelsk bassist. Hy is bekend as oprjochter, bassist en lietsjesskriuwer fan Pink Floyd. Roger Waters is de heit fan toetsenist Harry Waters.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pink Floyd (1965-1985)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Roger Waters wie yn 1965 de orzjinele bassist en ien fan de oprjochters fan Pink Floyd. Yn 1985 stapte Waters mei rûzje út de band. Der bruts in perioade oan fan rjochtsaken en allerhanne juristerij, mei as ynset it rjocht om de namme Pink Floyd te brûken. Waters claimde it artistike brein fan de groep te wêzen, mar Nick Mason en benammen David Gilmour fierden oan dat sy ek gesichtsbepalend wiene. De rjochter stelde Waters yn it ûngelyk, mar kende him wol in oandiel yn de takomstige royaltys ta. Dat foarrjocht wie al earder Syd Barrett tafallen, lykwols sûnder rjochtsaak. Mei Pink Floyd had Waters alve studio-albums útbrocht.
Solo karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984 brocht Waters syn earste solo-album út, The Pros and Cons of Hitch Hiking, in plaat dy't doe tagelyk mei The Wall troch him skreaun wie. Op de plaat binne lange, stevige gitaarsolo's fan Eric Clapton te hearren. Solo hat Roger Waters fiif studio-albums útbrocht.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Roger Waters waard berne yn Great Bookham, greefskip Surry, Ingelân, as soan fan in luitenant dy't seis moane foar't er berne waard omkaam by de lâning by Anzio yn Itaalje. Dat barren hat altyd fan grutte ynfloed west op it libben en de lietsjes fan Waters. Waters is fiif kear boaske en hat twa bêrn.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Band | Singles |
---|---|---|---|
The Piper at the Gates of Dawn | 4 augustus 1967 | Pink Floyd | Flaming |
A Saucerful of Secrets | 29 juny 1968 | Let There Be More Light | |
Ummagumma | 7 novimber 1969 | ||
Atom Heart Mother | 2 oktober 1970 | ||
Meddle | 5 novimber 1971 | One of These Days | |
The Dark Side of the Moon | 1 maart 1973 | Money, Us and Them | |
Wish You Were Here | 12 septimber 1975 | Have a Cigar, Shine On You Crazy Diamond (Part I) | |
Animals | 21 jannewaris 1977 | ||
The Wall | 30 novimber 1979 | Another Brick in the Wall, Part 2, Run Like Hell, Comfortably Numb | |
The Final Cut | 21 maart 1983 | Not Now John | |
The Pros and Cons of Hitch Hiking | 30 april 1984 | Roger Waters | The Pros and Cons of Hitch Hiking, Every Stranger's Eyes |
Radio K.A.O.S. | 15 juny 1987 | Radio Waves, Sunset Strip, The Tide Is Turning (After Live Aid), Who Needs Information | |
Amused to Death | 1 septimber 1992 | What God Wants, Part I, The Bravery of Being Out of Range, Three Wishes | |
Is This the Life We Really Want? | 2 juny 2017 | Smell the Roses, Déjà Vu, The Last Refugee | |
Igor Stravinsky's The Soldier's Tale | 26 oktober 2018 |