Roel Cazemier

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Roelf Sikkes (Roel) Cazemier (Oldebroek, 12 april 1959) is in Nederlânsk politikus en bestjoerder. Hy is lid fan de Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD).

Cazemier studearre rjochten en wie fan 1984 oant en mei 1991 amtner by de Provinsje Fryslân. Fan 1991 oant 1994 wie hy boargemaster fan Ruinerwold yn Drinte, fan 1994 oant 2000 wie er boargemaster fan It Amelân en fan 2000 oant 2008 boargemaster fan Dongeradiel. Yn dy funksje wûn er yn 2001 de Fryske Parsepriis. Fan 2004 oant 2008 wie hy ek foarsitter fan de Rie foar it Waad. Ek is er de foarsitter fan it Sint Anthonie Gasthuis.

Fan 1 april 2008 oant 1 septimber 2009 wie Cazemier algemien direkteur fan Omrop Fryslân. Yn maaie 2009 kundige hy syn fertrek oan, omdat it iepenbier bestjoer him better lei as de mediawrâld. Sûnt 1 oktober 2010 is Cazemier boargemaster fan de Twintske fúzjegemeente Dinkelland.

Persoanlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 septimber 1988 is er troud mei Ineke Boskma. Sy hawwe twa bern.