Robert Rauschenberg
Appearance
Robert Rauschenberg (Port Arthur, Teksas, 22 oktober 1925 – Captiva Island, Florida, 12 maaie 2008) wie in Amerikaanske keunstner, dy't oan de basis stie fan de Amerikaanske Pop Art-beweging. Hy evoluearre fan abstrakt ekspresjonist nei Pop-Art-artyst en benammen assemblaazjekeunstner. Hy wie bekend as keunstskilder, byldhouwer, fotograaf, performer en koreograaf.
Robert Rauschenberg waard ynspirearre troch Andy Warhol (mei syn seefdrukken), John Cage syn filosofy en Jasper Johns (om syn objekten en symboalen).
Bekend wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Odalisk 1955-1958
- Bed 1955
- Monogram 1955-1959. In angorabok yn in beskilderde autobân. In wurk basearre op jeugdoantinkens doe't syn leafste bok slachte waard.
- Rauschenberg wurke yn 1962 mei keunsteners, sa as Daniel Spoerri, Jean Tinguely en Bernhard Luginbühl yn it Steds Museum Amsterdam oan it projekt Dylaby (Dynamysk Labyrint).
- Riding Bikes 1998
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Robert Rauschenberg biography op New York City Guggenheim Museum webside
- sitaten fan Robert Rauschenberg op it Ingelske Wikiquote
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Robert Rauschenberg fan Wikimedia Commons. |