Robert Lehnhoff
Robert Lehnhoff | ||
militêr | ||
Robert Lehnhoff yn 1945 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 11 augustus 1906 | |
berteplak | Elze, Keninkryk Prusen, Dútske Keizerryk | |
stoarn | 24 july 1950 | |
stjerplak | Grins | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | ? - 1945 | |
yn tsjinst fan | nazy-Dútslân | |
legerûnderdiel | Sicherheitspolizei | |
heechste rang | SS-Hauptscharführer en Kriminalsekretär | |
befel | Sicherheitspolizei ôfdieling IV-B (SD-Aussenstelle Groningen) | |
konflikt(en) | Twadde Wrâldoarloch |
Robert Wilhelm Lehnhoff, alias de Beul van Groningen (Elze, Landkreis Hildesheim, 11 augustus 1906 – Grins, 24 july 1950) wie in Dútske SD' er en oarlochsmisdiediger.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lehnhoff fierde yn it lêste oarlochsjier in skrikbewâld út yn it Scholtenhûs (ek wol 'foarportaal fan de hel' neamd ), it steatlike hearehûs oan de Grinzer Grutte Merk dêr't de Sicherheitsdienst sûnt septimber 1944 it haadkantoar foar Noard-Nederlân fêstige hie.
Hy wie Referatleiter fan de ôfdieling 'rjochts oriïntearre ferset'. Ien fan syn meiwurkers wie de letter ek ta de dea brochte Nederlânske ferrieder Pieter Johan Faber. Yn it Scholtenhûs waarden de Nederlanners ûnderfrege en tramtearre troch Lehnhoff en konsorten.
Oer Lehnhoff dogge in soad lugubere ferhalen de rûnte. Syn spesjaliteit ûnder de ûnderfregingen yn syn ferhoarkeamer nûmer 15 wie de saneamde V 1: in bikkelhurde stjit mei in gummyknuppel yn de mage fan de boeide finzene. Lou de Jong neamt Lehnhoff yn syn standertwurk oer de Twadde Wrâldoarloch as foarbyld fan in minne SD 'er.
Yn it boek Verzet in Groningen yn wurdt Lehnhoff omskreaun as in komplisearre figuer. Skrander, soms in tûke frouljusjager, immen mei sterk wikseljende stimmingen en in gefoel foar in beskaat soarte humor. Mar ek: Spaart niets en niemand om zijn eigen hachie te redden.
Dat soe úteinlik net slagje. De SD'ers ferdigenen it Scholtenhûs yn april 1945 ynearsten fûl tsjin de optsjenende Kanadeeske befrijers fan Grins. Doe't se ynseagen dat de striid ferlern wie, flechte it hiele selskip ynklusyf de Nederlânske kollaborateurs oer Sâltkamp nei Skiermûntseach. De kommandant fan it Dútske marinedetasjemint wie net bliid mei harren komst en brocht se ûnder op in moai ein fan it doarp, yn de Einekoai, dêr't se har yn primitive ûnderkommens sjen moasten te rêden. Seis wike letter waard de hiele groep werombrocht nei Sâltkamp en dêrwei nei it hûs fan bewar yn Grins.
Lehnhoff ferlear nei syn arrestaasje gau syn weardichheid. Hy joech syn ûnderfregers grif alle nammen fan syn ynformanten. Yn maaie 1949 waard er troch de Grinzer keamer fan it Bysûnder Gerjochtshof fan Ljouwert ta dea feroardiele. Dêrtsjin gie er fergees yn kassaasje wêrnei't er op 24 july 1950 eksekutearre waard troch in fjoerpeloton op it kazerneterrein oan de Herewei yn Grins. Hy wie doe offisjeel registrearre as ynwenner fan Düsseldorf. Hy waard anonym beïerdige op it R.K. Kerkhof (Grins).
Lehnhoff wie troud mei Liesel Kohlstadt.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noat
|