Robert Demachy

Ut Wikipedy
Robert Demachy
keunstner
Robert Demachy, selsportret
Robert Demachy, selsportret
persoanlike bysûnderheden
echte namme Robert Leon Demachy
nasjonaliteit flagge fan Frankryk Frânsk
berne 7 july 1859
stoarn 29 desimber 1936
wurkpaad
wurksum as Fotograaf, skilder, essayist
streaming Pikturalisme
bekendste
  wurk(en)
û.o. Speed , 1904
offisjele webside
n.f.t.

Robert Leon Demachy (Saint-Germain-en-Laye ûnder Parys), 7 july 1859Hennequeville, 29 desimber 1936) wie in Frânsk fotograaf, keunstskilder en essayist. Hy wurdt ta de pikturalisten rekkene.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demachy kaam út in begoedige famylje yn de omkriten fan Parys. Hy wie in soan fan bankier Charles Adolphe Demachy (1818–1888) en Zoé Girod de l'Ain (1827–1916), en waard ynearsten ek bankier. Fan 1876 ôf oan wijde er him lykwols hielendal oan wat al syn hobby wie: de fotografy. Yn 1888 sluet er him oan by de bekende “Photo-Club de Paris”.

Demachy wie in soad dwaande mei de fotografy fan beweging, fral dy fan minsken en fan strjitsênes. Hy makke gebrûk fan it gomdruk-prosedee en ûntwikkele dêrby in styl wêrby't er troch fernimstich manipulearjen fan de negativen (retûsjearjen fia oalje-techniken) in skildereftich effekt oan syn fotoos tafoege. Wichtige temas yn syn wurk binne de oergong fan persoanen yn har' fermiddens en de tsjinstelling tusken skaad en ljocht (hy bewûndere de Hollânske skilderkeunst en fotografearre ek geregeld yn Nederlân lykas mear pikturalisten diene).

Demachy waard om de iuwwikseling hinne ynternasjonaal ferneamd mei syn keunstige fotoos. Hy hie oeral yn de wrâld ekposysjes en waard lid fan de Amerikaanske fotoklup Photo-Secession, de tsjinhinger fan de Britske Linked Ring. Tusken 1904 en 1907 publisearre Alfred Stieglitz ferskate fan syn fotoos yn syn foaroansteande fototydskrift Camera Work. Yn 1906 hie er mei ûnder oaren syn lânslju Constant Puyo en René Le Bègue in tige slagge tentoanstelling yn Stieglitz syn bekende "Gallerie 291" yn New York.

Demachy skreau benammen op letter jierren en in protte boeken en essays oer de keunst fan de fotografy.

Oars wat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Demachy wie ien fan de earste Frânsen dy't in auto hie, al yn de 90-er jierren.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bill Jay: Robert Demachy: Photographs and Essays, Academy Edition, Londen 1974, ISBN 0-85670-185-8

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]