Robert Abbot

Ut Wikipedy

Robert Abbot (1588? - 1662?) wie in Ingelske teolooch, dy't puriteinske ynsichten útdroech. Hy wenne yn Cranbrook, Kent, skreau anty-katolike wurken en kultivearre in pleatslike rûnte ûnder de adel fan Kent.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robert Abbot studearre oan de Universiteit fan Cambridge en letter oan de Universiteit fan Oxford. De details fan Abbot's tsjerklike karriêre binne nochal ûndúdlik, en kinne allinne gearstald wurde út fragmintarysk bewiismateriaal, mar basearre op eat dat er skreau yn syn wurk Bee Thankfull London and her Sisters, hat it der in protte fan dat er it tsjinjen fan de tsjerke begûn mei in detasjearring as "assistant to a reverend divine". Ut in oantekening yn de marzje docht bliken dat de preester yn kwestje "Master Haiward of Wool Church" yn Dorset wie. Yn 1616 waard er troch George Abbot beneamd ta dûmny fan Cranbrook yn Kent. Syn amt yn Cranbrook waard as súksesfol beskôge, mar hy stie bekend om syn gebrek oan tolerânsje foar non-konformisten oer. Yn 1643 ferliet Abbot Cranbrook en waard predikant fan Southwick yn Hampshire. Letter waard er pastor fan de "extruded" Udall of St Austin's yn Londen, dêr't er blykber yn 1657 noch hieltyd tsjinne. Tusken 1657 en 1658, en yn 1662, liket Abbot út de ferslaggen te ferdwinen en is der oer syn aktiviteiten neat witten.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boeken fan Robert Abbot falle op ûnder de wurken fan syn tiid mei't se relatyf koart binne en om harren ferskaat. Njonken de boppe neamde wurken skreau er Triall of our Church-Forsakers (1639), Milk for Babes, or a Mother's Catechism for her Children (1646) en A Christian Family builded by God, or Directions for Governors of Families (1653).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: