Rob van Reijn

Ut Wikipedy
Rob van Reijn
artyst en/of kabaretier
Rob van Reijn yn 1989
Rob van Reijn yn 1989
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 6 april 1929
stoarn 15 novimber 2015 (86 jier)
wurkpaad
wurksum as mymspiler, skriuwer
medium teäter, telefyzje
jierren aktyf 1950 - 2000
Rob van Reijn yn 1961

Robert (Rob) van Reijn (Amsterdam, 6 april 1929 – dêre, 15 novimber 2015) wie in Nederlânske pantomymspiler. Yn 1950 begûn er mei optreden en groeide er yn 'e rin fan 'e jierren út oant fierwei de bekendste Nederlânske mimespiler ea. Hy trede geregeld op yn it teäter en wie geregeld op 'e telefyzje te sjen.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Reijn waard berne mei in skisis (hazzelippe), dêr 't er mear as ien kear oan operearre is. Doe't er noch tige jong wie woed er al clown wurde. De ferneamde Nederlânske clown Johan Buziau wie syn idoal. Fierder waard er ynspirearre troch Charlie Chaplin en Stan Laurel.

Yn 1948 naam Van Reijn ballet-, akrobatik- en toaniellessen. Yn 1950 gied er oan't wurk yn nachtklup Domino en twa jier letter rjochte er mei Lizzy Sara May en Jan Bronk de Nederlandse Pantomime Stichting op.

Yn 1954 gie er as solist fierder en wurke er ûnder oare mei it orkest fan Malando. As dosint bewegingsleer ûnderwiisde er ûnder oaren Ramses Shaffy en Joop Admiraal.

Yn 1967 waard Van Reijn artistyk lieder fan de Stichting Pantomime Theater Carrousel. Dat smiet ferskate produksjes op, lykas De vioolbouwer, Kasjtanka, Harlekinade en Spaghetti van Menetti.

Rob van Reijn wie in wichtich pleiterbesoarger fan pantomym en mym, net allinnich troch it meitsjen fan foarstellingen, mar ek troch it jaan fan kursussen, lessen en lêzingen. Yn 1972 rjochte er it Rob van Reijn Theater op. Yn 1989 fierde er syn 40 - jierrich jubileum as pantomymspiler mei de foarstelling it Reijngoud Mysterie.

Van Reijn wie út en troch ek filmakteur. Sa spile er yn 1972 yn Het zwarte jaar van Zwarte Piet, yn 1974 as leadjitter yn Wet Dreams en yn 1980 spile er in herbergier yn de Nederlânske spylfilm Laat de dokter maar schuiven.

Van Reijn trede ek op yn oare Europeeske lannen en yn ûnder oare de Feriene Steaten, Súd-Afrika en Yndonezië. [1]

Nei syn Nederlânske ôfskiedstoernee yn 2000 joech er in searje foarstellingen yn Johannesburg yn Súd-Afrika en op in skoalle yn Soweto. Goed 50 jier hie Van Reijn op de planken stien, sûnder in wurd út te bringen. Nei syn pensjonearring song er in pear jier as tenor yn de Cappella fan de Westertsjerke yn Amsterdam. Hy wie ek inisjatyfnimmer fan de Bolwurkerûte yn dy stêd.

Rob van Reijn waard siik en ferstoar yn de âlderdom fan 86 jier yn syn wenplak Amsterdam.

Foarstellingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

  • Kastjanka
  • Reis om de wereld in 80 dagen
  • L'Amfiparnaso (1986) (madrigaalkomeedzje fan Orazio Vecchi yn 'e mande mei it VU-Keamerkoar)
  • Reijngoud Mysterie (1989) (jubileumfoarstelling)
  • Exegese (solofoarstelling)
  • Scrooge & Marley (krystfoarstelling)
  • V.I.P. (solofoarstelling)
  • Don Quichotte

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rob van Reijn & Maarten Hell: De ommuurde stad. Langs de 17de-eeuwse bolwerken en stadspoorten van Amsterdam. Amsterdam, Utjouwerij Bas Lubberhuizen, 2014. ISBN 978-90-5937-374-7
  • Rob van Reijn: Voetlicht & vetpotten. Roman over Jan van Well in en om de schouwburg. Een kroniek van Amsterdam 1772-1818. Schoorl, Conserve, 2000. ISBN 90-5429-122-2

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: