Springe nei ynhâld

Rob Dyrdek

Ut Wikipedy
Rob Dyrdek
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Robert Stanley Dyrdek
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 juny 1974
berteplak Kettering (Ohio)
etnisiteit Poalsk
wurkpaad
wurksum as presintator, realitystjer, akteur,
produsint, skateboarder
medium tillefyzje
wurksum by MTV
bekend fan Ridiculousness
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.dyrdek.com

Rob Dyrdek (folút: Robert Stanley Dyrdek; Kettering (Ohio), 28 juny 1974) is in Amerikaansk presintator, realitystjer, tillefyzjeprodusint, akteur en profesjoneel skateboarder fan etnysk Poalsk komôf. Hy waard yn 'e subkultuer fan it Amerikaanske skateboarden al ier ferneamd, en waard yn 2014 troch it tydskrift FoxWeekly beneamd ta 'ien fan 'e ynfloedrykste skateboarders aller tiden'. Fanôf 2006 briek er by in breder publyk troch mei syn tillefyzjekarriêre, earst mei de realitytillefyzjeprogramma's Rob & Big en Rob Dyrdek's Fantasy Factory, en letter (ek om utens) as presintator fan 'e ynternetfilmkesrubryk Ridiculousness.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dyrdek waard yn 1974 berne yn Kettering, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de soan fan Gene en Patty Dyrdek. Mei alve jier sette er útein mei skateboarden, doe't er syn earste skateboard krige fan profesjoneel skateboarder Neil Blender.

Dyrdek bliek in grut talint te wêzen en ûntjoech boppedat in ûntsjinkearbere ambysje om profesjoneel skateboarder te wurden. Doe't er tolve jier wie, sleat Dyrdek syn earste sponsorskipskontrakt ôf. In pear jier letter begûn er mei Blender it bedriuw Alien Workshop, dat him spesifyk talei op it sponsorjen fan skateboarders. Dat bedriuw bestiet noch altyd en is no foar 100% eigendom fan Dyrdek. Mei sechstjin jier gie Dyrdek fan 'e middelbere skoalle ôf en ferfear nei súdlik Kalifornje, dêr't er as profesjoneel skateboarder mear berikke koe. Yn Kalifornje sleat er in sponsorskipskontrakt ôf mei it bedriuw Droors Clothing, dat neitiid omneamd waard ta DC Shoes. Op 't heden lit er him sponsorje troch fjouwer bedriuwen: Alien Workshop, DC Shoes, Silver Trucks (dat er yn 2003 sels mei-oprjochte) en Monster Energy.

Dyrdek is de oprjochter fan 'e Street League Skateboarding (SLS), in skateboarding-kompetysje dy't útgroeid is ta in ynternasjonaal evenemint. Hy fêstige eigenhandich 21 skateboarding-rekôrs dy't opnommen waarden yn it Guiness Book of World Records. Dêrûnder wiene it wrâldrekôr fan skateboarden mei it grutste skateboard; de langste 50-50 rail grind (30.62 m); de langste board slide (30.62 m); en de heechste ramp jump op in skateboard fan it drûge yn it wetter (3.29 m).

As ûndernimmer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under syn karriêre starte Dyrdek ferskate bedriuwen op, wêrfan't de measten lykwols mar in koart libben beskern wiene, lykas in eigen platemaatskippij foar hiphopmuzyk en in eigen skate shop. Yn 2013 wied er eigner fan Wild Grinders, in tekenfilmsearje (oer skateboarders) dy't útstjoerd wurdt op Nickelodeon, de Street League Skateboarding, Alien Workshop en Megahorse Racing. Dêrnjonken is Dyrdek ek belutsen by ferskate oare bedriuwen, lykas Bill My Parents en Instant Scoring Experience (iSX). Fierders is Dyrdek de oprjochter fan 'e Rob Dyrdek Foundation, in goeddiedichheidsorganisaasje dy't him ynset foar de oanlis fan legale skateboardingparken foar jongerein yn earmere mienskippen yn 'e Feriene Steaten.

Tillefyzjekarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2006 bejoech Dyrdek him foar it earst op it mêd fan 'e tillefyzje, doe't er tegearre mei syn bêste freon en liifwacht Christopher Boykin, better bekend as 'Big Black', en ferskate oare freonen en famyljeleden de realitytillefyzjesearje Rob & Big makke, dy't yn 'e Feriene Steaten útstjoerd waard op MTV. Doe't Big Black nei trije seizoenen besleat om him út it programma werom te lûken om't er mei syn freondinne in lytsenien krigen hie, waard de rige stopset.

Dêrop produsearre Dyrdek fan febrewaris 2009 ôf de realitysearje Rob Dyrdek's Fantasy Factory, op 'e nij mei help fan freonen en famylje. Dat programma rûn seis seizoenen lang, oant maart 2014. Teffens wurke Dyrdek yn it ramt fan gastoptredens mei oan ferskate oare realitysearjes fan MTV, en fierders makke er yn 2009 de film Street Dreams.

Yn augustus 2011 begûn Dyrdek mei it nije MTV-programma Ridiculousness, in rubryk wêryn't komyske en pynlike ynternetfilmkes sjen litten wurde. Dyrdek sels fungearret dêrby as presintator en teffens leveret er (gauris sarkastysk) kommentaar op 'e filmkes, krekt as syn freonen en sidekicks Steelo Brim en Chanel West Coast, dy't by alle ôfleverings oanwêzich binne. Ridiculousness waard in grut súkses, en besoarge Dyrdek ek bûten de Feriene Steaten grutte bekendheid.

Dyrdek hat ien suster, Denise. Om har houliksseremoanje útfiere te kinnen, liet er him yn desimber 2011 ta predikant wije fan 'e Universal Life Church. De plechtichheid makke ûnderdiel út fan in ôflevering fan Rob Dyrdek's Fantasy Factory. Oan dy searje wurken ek geregeldwei Dyrdek syn neven Christopher "Drama" Pfaff en Scott "Big Cat" Pfaff mei.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.