Springe nei ynhâld

Roazegrêft 10 (Harns)

Ut Wikipedy
It eartiidske pakhús De Valk oan de Roazegrêft 10 yn Harns

It eartiidske pakhús oan de Roazegrêft 10 is in monumintaal pân yn de stêd Harns.

De Roazegrêft mei slûs en mei oan de linkerside "De Valk"

It pakhús stiet tichtby de Lytse Slûs fan Harns. It pakhús mei in sealdak tusken tútgevels is út de 18e iuw. Yn 'e midden fan it gebou sitte op de ferdjippings trije hyslûken, rjocht boppe elkoar. Oan beide siden fan de lûken binne op de earste en de twadde ferdjipping healrûne iepeningen makke, mei glêd der yn. Op de tredde ferdjipping binne allinnich noch de kontoeren fan dy iepeningen te sjen. Boppe yn de puntgevel sit in rûn finster.

It pân is erkend as in ryksmonumint. Yn 1989 waard it pân kocht troch de Hein Buisman Stichting, dy't it pakhús yn datselde jier ta in wenhûs restaurearje liet. Yn 1999 waard troch de âld-offisier fan justysje Jan Valk in keunstgalery yn it pân fêstige. De namme DE VALK is mei wite letters op it boppeste hyslûk skildere.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: