Rixt (famkesnamme)
Appearance
Rixt is in famkesnamme, dy't oarspronklik foaral yn Fryslân en Grinslân brûkt waard.
De namme soe ôflaat wêze kinne fan Germaanske nammen dy't mei rik- begûnen, dat "machtich, foarnaam" betsjut. Fierder soe it kinne dat de namme besibbe is oan it Fryske Ricswind, wêrfan it twadde part -swind sels wer besibbe is oan it Goatyske swinths en it Aldfryske swîthe, "sterk, krêftich". In tredde teory is dat de namme Rixt in ferkoarte foarm is fan oare Fryske nammen dy't mei Rik- begjinne, wêrby it efterheaksel -st dan in 'flaaiksuffiks' wêze soe. Farianten fan de namme Rixt binne ûnder oare Riksta, Rikste en Rikstje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|