Rintsje Ritsma (skûtsjesiler)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Rintsje Ritsma (Sleat, 28 juny 1908De Lemmer, 3 oktober 2012)[1] wie in skûtsjeskipper en brêgewachter fan De Lemmer. By hurdriden wûn er yn syn jeugd in soad prizen. Hy is de soan fan Bouwe Ritsma en Romkjen Veltman. Syn pakesizzer Rintje Ritsma waard letter Europeesk en Wrâldkampioen langebaanriden.

Wurke op Spannenburch op in oerslachbedriuw foar izererts, sûker en oare produkten. Letter sette hy yn de polder dy't drûchlein waard it spoar út troch djipten te peilen. Omdat elkenien dy't dêr wurke oppakt waard yn de Twadde Wrâldoarloch dûkte er mei syn frou Akke Wouda en de fjouwer bern ûnder yn Makkum. Dêrnei hat er oant syn pinsjoen brêgewachter west. As frijwilliger wurke er foar de rêdingsbrigade. Fan 1951 - 1969 as opstapper en fan 1969 - 1973 reserve-skipper. Die mei oan 116 rêdingstochten, dêr't 116 persoanen by rêden waarden.

Fear fan 1958-1961 mei it earste Lemster skûtsje (36 ton, boujier 1909 by Wildschut yn Gaastmar). Waard doe opfolge troch Yme Foekema en Klaas van der Meulen op in nij skûtsje. Yn 1965 naam Ritsma it plak fan Van der Meulen wer yn.

Neffens Ritsma waard him it kampioenskip yn 1965 untnaam. De sineast Bert Haanstra makke doe de film “De stem van het water”  wêryn’t de skûtsjes fan Grou en it Hearrenfean in haadrôl spilen as de beide kampioenskandidaten. Om foar te kommen dat de Lemmer kampioen waard, binne hja neffens Ritsma tsjinwurke. Yn 1966 naam er sportive wraak en waard it “Lemster Skûtsje” dochs noch kampioen. Yn 1969 naam Sietse Hobma it helmhout fan him oer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stjerberjocht fan Rintsje Ritsma