Ringsleat (Wergea)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Ringsleat is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart leit om Polder de Grutte Wergeaster Mar. Noardeast fan Eagum en besuden Wergea is ferbining mei de Wergeaster Feart. De Wergeaster Feart foarmet sa in diel fan de ringsleat. Oan de westkant is ferbining mei de Nije Feart nei Wurdum en De Jokse rjochting Tsjaard.

De namme Ringsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Ringsloot.