Rifka Lodeizen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rifka Lodeizen

Rifka Lodeizen (Amsterdam, 16 oktober 1972) is in Nederlânsk aktrise.

Lodeizen is in dochter fan bydzjend keunstner Frank Lodeizen. Sy die eineksamen vwo en studearre Nederlânsk. Lodeizen spile in lytse rol yn in Filmakademyfilm en gie dêrnei nei aktearstudio De Trap dêr't sy yn it earste jier sitten bleau. By it grutte publyk waard har gesicht bekend fan reklamespotsjes foar de belestingtsjinst.

Sy hie in rol yn de telefyzjerige Unit 13, en wurke dêrneist yn kafee Wildschut. Filmregisseur Eddy Terstall ûntduts har dêr yn 1997 en joech har in rol yn Hufters & hofdames. Dêrnei spile sy yn ferkate Terstall-films. Foar har rol yn Simon waard hja nominearre foar in Gouden Kalf. Yn 2009 krige se yndie in Gouden Keal foar har rol yn Kan door huid heen fan Esther Rots.

Filmografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]