Rienck Camstra
Renike of Rienck Camstra, wie in Skieringer grytman fan Ljouwerteradiel dy't op Camstrastate wenne, it lettere Dekemastate. Hy wie troud mei His Ockema of Ockinga en se krigen fjouwer bern.
Soan fan Feyeke Camstra en Syts Foppes Sjaerda, hearde by it Skieringske gesantskip, dat oan keizer Maximiliaan yn 1494 beklach ynleverje moast oer de partijdichheid en skraabsucht fan it Grinzer Bûn en syn oanhingers, dêr't benammen de Camstra's har tsjin fersetten. Mienend dat se de foarst yn Maastricht treffe soenen reizgen se earst dêrhinne. Doe't de keizer al ôfsetten blykte te wêzen reizgjen se him efternei nei Grave en krigen dêr audiïnsje. Troch keizer Karel yn 1516 ta grytman fan Ljouwerteradiel oansteld, kleide hy by in geskrift fan 29 oktober oan de hege Ried yn Fryslân, dat Boargemasters en Rieden fan Ljouwert him behinderen yn syn jurisdiksje. Hy skynt om 1532 hinne stoarn te wêzen, alteast yn dat jier waard der in oare grytman oer Ljouwerteradiel oansteld. "Zijne huisvrouw His Ockema of Ockinga schonk hem vier kinderen."
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|