Riedshearswyk

Ut Wikipedy

De Riedshearswyk is in feart yn de gemeente Opsterlân. De wyk rint fan Himrikerferlaat nei de wei Welgelegen dy't fan Jobbegea nei Donkerbroek giet. Mear eastlik rinne bylâns dizze wyk de Mandewyk en Tsjerkewyk. Mear rjochting Jobbegea û.o. de Kalkwyk en de Jonkerswyk.

In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.

De namme Riedshearswyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Raadsheerswijk.