Springe nei ynhâld

Kalkwyk

Ut Wikipedy

De Kalkwyk is in feart yn de gemeente Opsterlân. De wyk rint east fan De Gordyk tusken Foksebuorren oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart en Jobbegea.

In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.

De namme 'Kalkwyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Kalkwijk.