Riëtte Fledderus

Ut Wikipedy
Riëtte Fledderus
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 18 oktober 1977
berteplak Meppel
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 1996
karriêre-ein 2008
wichtige prestaasjes
EK 1995

Emmy Henriëtte "Riëtte" Fledderus (Meppel, 18 oktober 1977) is in eardere Nederlânske follybalster.

Riëtte Fledderus begjint mei it follybal wannear't se alve jier, se spilet dan yn Dwingeloo. Yn 1992 wie er de oerstap nei in follybalklup út Assen. Trije jier letter, yn 1995 waard de spulferdielster útnûge foar de Nederlânske ploech. Yn it seizoen 1995-1996 kaam hja út foar Snits. Nei it jier 1998 gie Fledderus nei it bûtenlân, yn Itaalje spile se by ferskate klups. Yn Itaalje en letter ek yn Spanje helle Fledderus ferskate prizen.

Riëtte Fledderus kaam foar Nederlân út op de Olympyske Spullen fan 1996 yn Atlanta. Hja einige doe mei de Nederlânske ploech fiifde fan de alve dielnimmende lannen. Ek makke hja diel út fan de ploech dy't yn 1995 op it Europeesk kampioenskip yn Arnhim de gouden medalje wûn hat. Fierder kaam Fledderus foar Nederlân út op trije oare Europeesk kampioenskippen en op twa edysjes fan it Wrâldkampioenskip. Yn totaal hat Riëtte Fledderus 402 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech. Der binne dêrmei mar twa froulju dy't mear ynterlannen spile hawwe as Fledderus.[1] Wannear't hja har yn 2003 net fine kin yn de hurde oanpak fan de Nederlânske bûnstrener Angelo Frigoni, jout se oan dat se ophâlde sil mei it spiljen fan ynterlannen. Nei't Avital Selinger de nije trener waard, kaam Fledderus yn 2004 wer werom by de ploech.

Yn 2008 waard dúdlik dat Riëtte Fledderus oan har lêste seizoen op ynternasjonaal nivo dwaande is.[2]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Ynterlannen oersjoch NeVeBo
  2. [2] Droom Riette Fledderus lijkt over, regiosportplaza.nl