Springe nei ynhâld

Revolverman

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Revolverlju)
In hjoeddeiske akteur yn 'e rol fan in revolverman.

In revolverman (Ingelsk: gunslinger) wie yn 'e tiid fan it Wylde Westen, yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten, in persoan (almeast in man), dy't troch dielname oan sjitpartijen in reputaasje wûn hie dat er goed mei fjoerwapens omgean koe. Dêrby gie it benammen om hânfjoerwapens lykas revolvers, mei't lju dy't inkeld goed omgean koene mei gewearen yn 'e regel oantsjut waarden as skerpskutters.

Under ynfloed fan westernfilms wurde revolverlju tsjintwurdich benammen assosjearre mei duëls op stille haadstrjitten wêrby't it derom giet wa't it fluchst syn revolver lûke en de tsjinstanner delsjitte kin. Soksoarte konfrontaasjes kamen yn it echt amper foar, hoewol't Wild Bill Hickok op 21 july 1865 op persiis dy manear in Davis Tutt deaskeat nei't se rûzje krigen hiene ûnder it pokerjen.

Revolverlju koene banditen wêze, mar likegoed wetstsjinners, lykas sheriffs en marshals. In soad fan harren wiene allebeide, op ferskillende tiden yn harren libben. Faak wiene revolverlju hierlingen, dy't op tydlike basis en tsjin betelling wurken foar lju dy't beskerming nedich wiene, dy't tsjinstanners yntimidearje woene, of dy't in wapene konflikt útfjochtsje woene, lykas ien fan 'e withoefolle prêrje-oarloggen dy't yn 'e tiid fan it Wylde Westen fierd waarden. Guon bekende revolverlju wiene: Billy the Kid, Longhair Jim Courtright, Kid Curry, Wyatt Earp, Pat Garrett, John Wesley Hardin, Doc Holliday, Wild Bill Hickok, Bat Masterson en Luke Short.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.