Reutov
Reutov | |
---|---|
De tusken 2008-2014 boude Trijeienheidstsjerke fan Reutov | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Moskou |
Sifers | |
Ynwennertal | 108.257 (2022) |
Oerflak | 9,09 km² |
Befolkingstichtens | 11.909 ynw./km² |
Hichte | 160 m |
Oar | |
Stifting | 1492 (?) |
Tiidsône | (UTC+3) |
Koördinaten | 55° 46' N 37° 52' E |
Webside | Side stêd |
Reutov (Russysk: Ре́утов) is in stêd yn de oblast Moskou en leit 12 kilometer eastlik fan it sintrum fan Ruslân's haadstêd Moskou.
De measte skiedkundigen binne fan betinken dat Reutov, doe noch it doarp Reutovo, tusken 1492 en 1495 stifte waard. De namme giet mooglik op it wurd reut werom, in wachttoer mei klokken om Moskou te warskôgjen as der fanút it easten fijannich folk fernommen waard.
Yn de 17e en 18e iuw hearde it doarp oan ferskate aadlike famyljes. Doe't it oan it begjin fan de 19e iuw in tekstylfabryk boud waard ferlear Reutovo it meastepart fan syn lanlike karakter. Likernôch healwei de 19e iuw waard der noch in stienfabryk mei grutte wenkazernes foar de arbeiders byboud. Stadichoan ûnstie sa it fabryksdoarp Reûtovo.
Reûtovo krige yn 1913 in stasjon oan it spoar fan Moskou nei Nizjni Novgorod. Foar 1917 hie it doarp in befolking fan 3.300 ynwenners.
Op 7 oktober 1940 waard it arbeidersdoarp by dekreet offisjeel in stêd en krige it de namme Reûtov.
Yn de twadde helte fan de 20e iuw krige Reutov ynstellings foar wittenskiplik ûndersyk. Dêrom waard de stêd yn 2003 de status fan in naûkograd, letterlik 'wittenskipsstêd', ferliend.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Demografyske ûntwikkeling fan Kaljazin fan 1897 oant 2018 | ||||||||||||
Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2018 | |||
befolking | 6.500 | 14.768 | 24.268 | 50.150 | 60.306 | 68.326 | 76.805 | 87.314 | 106.962 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Reutov fan Wikimedia Commons. |