Resesboeken

Ut Wikipedy

Resesboeken binne registers fan hannelingen fan de nedergerjochten. De kearn fan harren argyf, meastentiids de âldste searje. Yn âlde resesboeken steane faak akten dy't letter yn aparte registers kamen, bygelyks akten fan foar it gerjocht befêstige houliken.

De resesboeken fan Snits (1490-1518) binne it iennige oerbleaune dokumint fan let-midsiuwske oerheidsadministraasje yn Fryslân. Hâlden troch de sekretaris fan de stêd en wat it wichtichste diel oanbelanget te fergelykjen mei it tsjintwurdige proses-ferbaal fan de sitting of 'Gerichtsprotokoll' by in rjochtbank. Yn de resesprotokollen stienen ek in soad oantekenings oer bestjoersoangelegenheden en notariële hannelingen. Nei de Saksyske Ordonnânsje (1504) wurde de resesboeken folle wiidweidiger en oersichtliker.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: