Springe nei ynhâld

Rekreätive Oerkaping yn Moddergat

Ut Wikipedy
Rekreätive Oerkaping yn Moddergat
keunstwurk
Rekreätive Oerkaping yn Moddergat
Rekreätive Oerkaping yn Moddergat
bysûnderheden
jier 2006
keunstner Ids Willemsma
materiaal stiel
plak Moddergat
lokaasje De Oere, Seedyk

'Rekreätive Oerkaping' is in keunstwurk yn Moddergat dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.

It keunstwurk út 2006 is ûnderdiel fan it projekt Waaddoarpen. By dat projekt wie it doel om it noardeasten fan de gemeente Dongeradel oantrekliker te meitsjen foar toeristen en de eigen befolking.
Neffens keunstner Ids Willemsma hat syn keunstwurk oan de Foarstrjitte meardere funksjes. Sa kin it brûkt wurde as rêstplak foar fytsers, mar ek in gaadlik hingplak foar jongerein en âlderein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: