Reinder Fennema
Reinder Fennema (Snits, 21 oktober 1849 - Tentena, Selebes, 27 novimber 1897) wie in Nederlânsk mynboukundige en geolooch, haadyngenieur foar de minen yn Nederlânsk-Ynje.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fennema wie ien fan de earste learlingen fan de krekt oprjochte H.B.S. yn Snits. Neifolgjen die er in oplieding oan de polytechnyske skoalle te Delft en waard yn 1874 ta foldwaan fan de gûverneur-generaal oansteld as yngenieur tredde klasse by it Mynwêzen yn Ynje.
Fennema krige in post yn july 1874 oan de westkust fan Sumatra; yn 1877 waard er befoardere ta yngenieur twadde klasse, yn 1885, it jier dat er troude mei E. de Bruine, ta yngenieur earste klasse en yn 1893 beneamd ta haadyngenieur by it Mynwêzen yn Nederlânsk-Ynje.
It meastepart fan syn tsjinstjierren hat er dwaande west mei de geologyske kartearing fan Sumatra en Java; oan de eastkust fan Sumatra wie Fennema belêstige mei in ûndersyk nei artesysk wetter en petroalje. Troch Fennema syn tariedende arbeid koene de Langkat-petroaljeboarnen ûntgind wurde. Op in reis nei de Posomar yn de residinsje Menado, dêr't er ierd- en mineraalûndersyk dwaan soe, is Fennema troch in wynpûster yn 't wetter rekke en ferdronken. Syn lichem is nea werom fûn.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Topografische en geologische beschrijving van het Noordelijk gedeelte van Sumatra's Westkust met geologische kaart yn het Jaarboek voor het Mijnwezen (1887)
- De vulkanen Semeroe en Lamongan met kaarten en tekeningen yn it Jaarboek voor het Mijnwezen (1886)
- Geografische beschrijving van Java en Madoera mei atlas yn folioformaat (1897, yn 'e mande mei Rogier Verbeek). Foar it lêste wurk krige er postúm in gouden earepeinje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|