Rein Leven Beweging
De Rein Leven Beweging (RLB) wie in Nederlânske organisaasje foar yndividuele seedlike ferheffing, benammen rjochte op it bestriden fan prostitúsje en geslachtssykten. De wichtichste ferkundiging wie wol dat seksualiteit en oare lichaamlike genoegens de minsk fan 'it hegere’ ôfhâlden. De ideeën fan de Russyske skriuwer Lev Tolstoj spilen in grutte rol. De RLB wie foar seksuele ûnthâlding, fegetarisme, en gehielûnthâlding, en fûn dat man en frou binnen it houlik as likensen mei elkoar omgean moasten, binnen in tradisjoneel rolpatroan.
De RLB waard yn 1901 oprjochte troch Edo Fimmen, Louis Bähler en Menno Huizinga jr., mei steun fan Lodewijk van Mierop en Felix Ortt. Sûnt 1902 ferskynde it tydskrift Rein leven wêryn't de ideeën fan de beweging útdroegen waarden.
Doe't Van Mierop yn 1905 twongen waard syn redakteurskip del te lizzen, begûn hy ii moanneblêd Levenskracht. Yn 1907 rekke de beweging yn twa kampen ferdield troch ûnienigens oer de fraach oft men foar in 'frij' houlik wêze moast of foar in boargerlik registrearre houlik. Yn 1908 hie Levenskracht it tydskrift Rein leven ferkrongen.
Sûnt 1908 joech de Stichting Chreestarchia fan Felix Ortt en Jacob van Rees boeken fan de RLB út. Van Rees hie yn 1903 yn de geast fan de RLB de Humanitêre Skoalle oprjochte.
Yn 1929 waard de Rein Leven Beweging opheft.