Menno Huizinga jr.
Menno Huizinga jr. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 febrewaris 1876 | |
berteplak | Harns | |
stoarn | 1959 | |
stjerplak | Felp | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Dûmny | |
aktyf as | Kristenanargistysk aktivist | |
offisjele webside | ||
gjin |
Menno Huizinga jr. (Harns, 21 febrewaris 1876 - Felp, 1959) wie in kristenanaristysk dûmny en tolstojaan.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Menno Huizinga jr. troude mei Arnolda Johanna Geertruid Sannes. Menno syn heit Jurriaan Menno Huizinga wie dokter en boaske oan Guurtje Koekebakker.[1] Hy wie in folle neef fan de histoarikus Johan Huizinga en de heit fan de fotograaf Menno Huizinga.
Nei in stúddzje teology yn Amsterdam wie er predikant yn Nes op It Amelân. Yn 1909 waard er chef de bureau by in libbensfersekeringsmaatskippij yn Utert. Mei't er de belangen fan de fersekerden by libbensfersekeringen foaropsette krige er dien. Dêrnei waard er dopersk predikant, efterelkoar yn Swartslús (1910), Schagerbrug en Zijpe yn de kop fan Noard-Hollân (1914). Yn dy lêste amtsperioade siet er yn septimber 1916 goed twa wike fêst yn Alkmaar fanwegen it ûndertekenjen fan it Tsjnstwegeringsmanifest en in ‘Manifest tsjin de Oarloch’. Krekt op dat stuit ûnfong er in keninklike ûnderskieding foar syn ynset en trochtaastend optreden by de wettersneed yn jannewaris 1916. Fan 1923 oant syn op wachtjild stean yn 1937 waard Huizinga fersekeringsagint yn De Haach. Yn de Twadde Wrâldoarloch ferhuze er nei fersoarginshûs 'Avondzon' yn Velp.
Rein Leven Beweging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Rein Leven Beweging.
Menno Huizinga jr. wie as kristen-sosjalist in oanhinger fan de ideeën van Lev Tolstoj. Dy woe in foarm fan kristendom op grûn fan it begjinsel fan de leafde, sa't yn de Berchrede ferkundige wie. Dat moast net troch revolúsje mar troch it ferbetterjen fan elts persoanlik berikt wurde. Troch selsdisipline en neisteleafde moast eltsenien der nei stribje in better minske te wurden. Dy ideeën waarden ek útdroegen troch de Nederlânske Rein Leven Beweging. Huizinga wie fan it ferskinen fan it earste nûmer yn july 1901 ôf meiredakteur fan it orgaan Rein Leven fan de beweging. Doe't it brein efter de Rein Leven Beweging, Felix Ortt, in ‘frij houlik’ begûn besleat Huizinga it redakteurwêzen oer te jaan.
Fan de oprjochting yn 1897 ôf troch de kristen-anargist Jacob van Rees wie Huizinga belutsen by de Algemeene Nederlandsche Geheel-Onthoudersbond.
Menno Huizinga syn gefoel foar neisteleafde die bliken doe't er fanwegen de frouljushannel bern fan yn de ûnderwâl rekke froulju en alkoholisten by him yn 'e hûs naam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|