Springe nei ynhâld

Reimer Camminga

Ut Wikipedy

Reimer Camminga (keazen ± 1300 - 1306), dy't yn de bûtenlânske skiedskriuwing trochgiet foar Reinier Cammingha, wie neffens de sêge de njoggende potestaat fan Fryslân. Hy wie de opfolger fan Sicko Sjaerdema en waard letter sels opfolge troch Hessel Martena.

Reijmer Haijes Camminga wie oanfierder doe't de Denen yn 1306 fanwege skeel mei de Friezen in ynfal yn Eastergoa weage hienen.

Occo Scarlensis skriuwt oer in steech gefjocht wêrnei't de Denen tichtby de Lauwers ferslein waarden. Dit soe dan tsjin Earik VI fan Denemark (1274 - 1319), west hawwe moatte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jan Wagenaar et al.: Vaderlandsche historie: vervattende de geschiedenissen der nu Vereenigde 1797 p122 [1]