Reidsleat

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Reidsleat is in feart yn de gemeente Smellingerlân. De feart rint by De Alde Feanen west fan De Koai en Aldegea yn de Jan Durkspolder. De feart rint noard-súd fan de wei Westersanning en rint út yn de Wide Ie by Brêgeham.

De namme Reidsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Reidsloot.