Rega (rivier)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ofwetteringsgebiet fan de Rega en sydrivieren

De Rega is in rivier yn it noardwesten fan Poalen, dy't ûntspringt op 146 meter hichte út de mar Jeziora Resko yn it Pommersk Marreplato en nei 168 km by Dzwirzyno útmûnet yn de Eastsee. De rivier hat in streamgebiet fan 2725 km², dat hielendal yn Poalen leit. Underweis rint de rivier de stêden Świdwin, Łobez, Gryfice en Trzebiatów troch en bylâns.

De mûning fan de Rega bestiet út twa rivieren: de Alde Rega (Stara Rega) bûget foar Mrzeżyno nei it westen ôf en rint troch de mar Resko Przymorskie (oant 1945 Kamper See) nei Dźwirzyno. De Nije Rega is útdold en mûnet fuort ûnder Mrzeżyno yn de Eastsee út.

De grutste sydrivier is de Mołstowa, dy't tusken Gryfice en Trzebiatów yn de Rega útmûnet.

Plakken oan de Rega[bewurkje seksje | boarne bewurkje]