Reeuwijk-Dorp
Reeuwijk-Dorp | ||
Sint-Petrus- en Paulustsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
gemeente | Boadegraven-Reeuwijk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.020[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 3' 18" NB, 4° 41' 27" EL | |
Kaart | ||
Reeuwijk-Dorp is in doarp dat yn de gemeente Boadegraven-Reeuwijk leit. It doarp leit yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It doarp leit noardlik fan Gouda en westlik fan Reeuwijk-Brug. It doarp hat likernôch 2000 ynwenners.
Reeuwijk-Dorp waard yn de 13e iuw stifte. Oant de 18e iuw wie Reeuwijk-Dorp it haadplak fan de gemeente Reeuwijk, dêrnei gie it gemeentehûs oer nei Reeuwijk-Brug.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reeuwijk-Dorp leit yn de polders tusken Reeuwijk-Brug, Waddinxveen, Gouda en Boadegraven. It is ûntstien oan de krúsing fan de Dorpsweg, Kerkweg en Nieuwdorperweg. Dy struktuer is hjoed-de-dei noch hieltyd te sjen. Yn de 19e iuw hat in roomsk-katolyk kompleks harren yn it doarp fêstige. Troch dat kompleks groeide it doarp yn dy snuorje.
Yn de perioade nei de Twadde Wrâldkriich is oan de noardwestkant in lytse nijbouwyk oan it doarp tafoege. De meast resinte útwreiding fûn plak yn de lette jierren 2000 yn súdlike rjochting.
Yn de himrik fan it doarp binne likernôch 80 agraryske bedriuwen festige.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |