Springe nei ynhâld

Recht en Vrijheid

Ut Wikipedy

Recht en Vrijheid wie in Nederlânske politike partij op orgistyske grûnslach , oprjochte yn 1931 yn Grins op inisjatyf fan âld-SP-lieder Harm Kolthek. De partij stribbe nei it ynstellen fan kollektive grûneigendom en gelikense ferdieling fan de pachtynkomsten.

De partij helle by de gemeenteriedsferkiezingen fan syn oprjochtingsjier in sit yn Grins, dy 't troch Kolthek ynnaam waard. Yn 1935 en 1939 waarden fiif sitten helle; yn 1946 wer ien. Troch de propaganda ûnder wurkleazen en lytse selsstannigen helle Recht en Vrijheid yn 1935 en 1939 ek in Steatesit yn Grinslân. It meidwaan oan de Twadde Keamerferkiezingen fan 1933, mei de Zoetermeerske hynstekeapman August Diemont as listlûker, smiet gjin sit op.

It partijblêd fan Recht en Vrijheid hjitte oant 1938 ek Recht en Vrijheid; dêrnei Ons Erfdeel.

Nei it ferstjerren fan Kolthek op 19 jannewaris 1946 waard de partij opheft.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Frans Becker (1986/2002). Kolthek Jr., Harm. Yn Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland. IISG. Rieplachte 19 febrewaris 2007.
  • Recht en Vrijheid yn it Repertorium Kleine politieke partijen, 1918–1967. Instituut voor Nederlandse Geschiedenis. Rieplachte 19 febrewaris 2007.