Reanimaasje

Ut Wikipedy
Reanimaasje

Reanimearjen is it keunstmjittich oernimmen fan it sykheljen en de bloedsomrin, yn gefal fan in sirkulaasjestilstân, bygelyks as gefolch fan in hartstilstân. As én it sykheljen, én de sirkulaasje wer op gong brocht wurde moatte, sprekt men ek wol fan Kardiopulmonale Resussitaasje (CPR).

Om te libjen, is de konstante oanfier fan soerstofryk bloed fan libbensbelang. De organen kinne net wurkje sûnder soerstof. De harsens binne it kwetsberst: nei 4-6 minuten sûnder soerstof rekket al in grut part sa skansearre dat normaal funksjonearjen net mear mooglik is. It transport fan soerstof troch it bloed kin op twa manieren fersteurd wurde:

  • Bloed wurdt net mear rûnpompt omdat it hert net (goed) wurket. It hert kin wol bewege (fibrillearje), mar hat gjin effektive pompwurking. Wy sprekke dan fan in sirkulaasjestilstân. By in hertstilstân is der gjin beweging.
  • Der wurdt gjin soerstof mear yn it bloed opnomd. Dit wurdt in sykhelstilstân neamd.

As er sprake is fan in sykhel-, en sirkulaasjestilstân wurdt dit de Klinyske dea neamd. Dochs, troch sa gau mooglik te begjinnen mei de reanimaasje kin de definitive dea mooglik foarkomd wurde. It is dus fan grut belang dat sa gau mooglik mei de reanimaasje begûn wurdt.

Rjochtlinen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân foarmet de NRR (Nederlânske Reanimaasje Rie) it wichtichste ynstitút op it mêd fan de publikaasje fan rjochtlinen oangeande de reanimaasje. De rjochtlinen jilde as meast hantearre protokollen foar leken.

De leke-earstehelpferliener (EHBO-er) en de berops hantearje it ABC protokol. De leek fiert it BLS (Basic Life support) al/net mei in AED (Automatyske Eksterne Defibrillator) út, wylst de profesjonele earstehelpferliener (anestesymeiwurker, IC-ferpleechkundige, Ambulanceferpleechkundige) de ALS (Advance Life Support) útfiert. Der wurdt gebrûk makke fan Jeropeeske reanimaasje protokollen en binne op inkele punten oanpast troch de Nederlânske Reanimaasje Rie (NRR).

ABC - protokol[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynternasjonaal wurdt konsekwint it ABC protokol brûkt. Airway (luchtwei) Breathing (sykheljen) Circulation (boedsirkulaasje) Pas as de problemen yn de luchtwei, it sykheljen en de sirkulaasje ûnder kontrole binne, giet men fierder mei de Disability (Bewustwêzen) Expose / Environment (Omjouwingsfaktoaren, benammen waarmte- en kjeldletsels).

Aktuele rjochtlinen BLS/AED[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn april 2006 binne de nijste rjochtlinen publisearre. By in ademhellings stilstân giet men út fan in sirkulaasje stilstân.

Aktuele rjochtlinen:

  • Oansprekke / oanskodzjen fan it slachtoffer
  • In bewust ademhelling : alarmearje, earstehelp ferliene en yn stabile sydlizzing

By ôfwêzige ademhelling : alarmearje (litte), in AED helje (litte).

  • Start mei 30 kompresjes efterelkoar op de boarstkas en beademje 2 kear
  • Massear yn in tempo fan 100x yn de minút.
  • Slút de AED sa gau mooglik oan en folgje altiten de sprutsen oanwizings dy't it apparaat foarstelt.
  • Gean troch mei de syklus fan 30 massaazjes en 2 beademingen oant profesjonele help (bg. ambulance meiwurkers) de medyske soarch oernomd hat.

Techniken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reanimearjen bestiet út it jaan fan beademingen en boarstkompresjes.

Boarstkompresje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De teory efter it massearen is dat troch it earst yndrukken en dêrnei loslittten fan de boarstkas der in negative druk feroarsake wurdt yn de boarstkas, wêrtroch't de grutte fetten bloed oansûgje kinne. Dy negative druk wurdt pas nei in rige massaazjes berikt. Ut ûndersyk bliek dat de 15 kompresjes dy't yn it ferline hantearre waarden, net genôch wiene. Mei 30 massaazjes hat men langer foardiel fan de negative druk.

Beademje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As der profesjonele help oanwêzich is, start men mei it beademjen mei help fan in beademingsballon (ambu-bag). De pasjint moat ek yntubearre wurde. At de luchtwei om ien of oare reden net mear trochgonklik is, moat in tracheotomy barre.

De rol fan de helpferliening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meastal sil in profesjonele helpferliener der net binnen inkele minuten wêze. It is dêrom wichtich dat safolle mooglik minsken de basale reanimaasjefeardichheden oanleare. Omdat in sirkulaasjestilstân meastal komt troch it ûnregelnmjittich gearlûken fan it hert, ek wol fibrillaasje neamd, is dêrby it brûken fan in automatyske eksterne defibrillator (AED) oan te rikkemandearjen. Allinnich mei help fan dit apparaat kin it normale hertritme mooglik hersteld wurde. AED's komme op hieltiten mear plakken yn Fryslân beskikber.

As der profesjonele earstehelp is fan in sikewein, urginsje-wein (MUG of PUC) of yn it sikehûs kin der medikaasje as ûndersteuning jûn wurde en kin der bykommend yngrepen wurde. De oerlibbingskânsen fan it slachtoffer hingje sterk ôf fan de snelheid wêrmei't de ambulance der is. Foár it beademjen ynstrueart men dus leafst in omstanner om help te heljen of 112 te beljen.

Kursussen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch hiel Fryslân wurde reanimaasje- en AED-kursussen jûn, de saneamde. BLS-kursus (Basic Life Support), troch sertifisearre ynstrukteurs fan de NRR. Sertifisearre NRR-ynstrukteurs binne te finen ops de webside fan de NRR (sjoch keppeling om utens). Yn prinsipe hat eltsenien it foech in AED-apparaat te brûken, mar is net eltsenien bekwaam. Ferkeard brûken troch gebrek oan trening kin liede ta it net adekwaat reanimearjen. It is ferstannich om de trenings teminsten 1 kear yn it jier te werheljen.

By inkele earstehelpopliedingen yn Nederlân is standert AED-betsjinning opnomd en hoecht der gjin aparte reanimaasje / AED kursus folge te wurden.

It Oranje Krús hat oankundige dat mei yngong fan 1 septimber 2009 it brûken fan de AED ta de eintermen fan it eksamen foar it Diploma Earste Help hearren giet. De AED makket fan dat momint ôf ûnderdiel út fan de basisoplieding Earste Help.

Kâns op súkses[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt ynternasjonaal in soad ûndersyk dien nop it mêd fan reanimaasje. Opfallend dêrby binne de frijwat grutte ferskillen tusken de ferskate ûndersiken. In slutend 'súkses' persintaazje is dêrom ek net te jaan. Oer it generaal kin steld wurde, dat de kâns op súkses spitigernôch net grut is. Wichtige aspekten dy't de kâns op slagjen bepale binne:

  • De kondysje fan it slachtoffer foarôfgeande oan de reanimaasje;
  • De tiid wêrbinnen de reanimaasje/earste skok bard is;
  • De kwaliteit fan de útfierde beademings en boarstkompresjes;
  • De snelheid en kwaliteit fan de fierdere opfolging troch profesjonele helpferlieners.

Yn in Sweedsk ûndersyk út 2005 waard by mar leafst 29.700 pasjinten besjoen hoefolle minsken nei 1 moanne noch yn libben wiene (dus noch sûnder te freegjen oft dit bg. yn koma oan de beademing wie of sûn bûten it sikehûs). Nei 1 moanne wie 2,2% fan de net troch omstanners reanimearden noch yn libben; 4,9% fan dejingen dy't troch net-profesjonals reanimearre wiene, en 9,2% fan de minsken dy't troch (tafallich as omstanners oanwêzige) profesjonele helpferlieners reanimearre wiene[1]. Neffens dit ûndersyk is it oantal minsken dat sûnder oanmerklike neurologyske skea oerlibbet, is noch folle lytser.

Hoewol't der in lytse oerlibbingskâns is, binne pogingen ta reanimaasje dus seker net sinleas. As it net slagget, hoecht de helpferliener (amateur of profesjonal) him lykwols net skuldich te fielen; dat sil meastal de útkomst wêze. 90 - 95 % Fan de reanimaasjes bûten it sikehûs binne net súksesfol. Oannimlik is, dat dit getal by oanwêzichheid en brûken fan in AED heger lizze sil. Sifers fan de Amsterdam Arena en Schiphol befestigje dit. [2]

Ut in Japansk ûndersyk (2006) [3] blykt lykwols dat yn gefal fan hertstilstân nei in hertoanfal de oerlibbingskânsen ferdûbelje as inkeld mar hertmassaazje tapast wurdt. Beademing soe tiidfergriemen wêze. By hertstilstân troch hertoanfal krijt de persoan automatysk ekstra soerstof troch de hyperfentilaasje wêrmei't de oanfal begûn, mar troch de stilfallen bloedsirkulaasje berikt dizze soerstof de harsens net mear. At der wol gau yngrepen wurdt en inkeld hertmassaazje tapast wurdt, soe de ademhelling fansels wer op gong kome moatte. Hertmassaazje is op himsels in minime, net streekrjochte wize fan beademing want de boarstholte wurdt ôfwikseljend grutter en lytser, neffens Japanske wittenskippers. By ferstikking soe de kombinaasje mei beademing dan wol mear fertuten dwaan. De Nederlânske en Europeeske reanimaasjerie achtet it lykwols wierskynlik dat harren konklúzjes oars west hawwe soene as de rjochtlinen nei 2005 yn it ûndersyk belutsen west hawwe soenen. Dêrom bliuwt beademing ûnderdiel fan de rjochtline.[4]

Resinte ûntwikkelingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ut in Japansk ûndersyk (2006) soe blike dat yn gefal fan hertoanfal de oerlibbingskânsen ferdûbelje as allinnich mar hertmassaazje tapast wurdt. De NRR (Nederlânske Reanimaasje Rie) hat de konklúzjes út dit Japanske ûndersyk net oernomd en hanthavenet de besteande rjochtlinen.
  • Yn oktober 2008 hat de Nederlânske Reanimaasje Rie bepaald dat in BLS/AED oplieden helpferliener net start mei reanimearjen, as it slachtoffer in drager is fan in net-reanimaasje-ferklearring. Dêrby jildt as eask dat de betreffende ferklearring direkt sichtber wêze moat foar de helpferliener en foarsjoen is fan namme, hantekening en foto fan de drager. De NRR respektearret de nije net-reanimaasjeferkjlearring fan de Nederlânske Feriening foar in Frijwillich Libbensein (NVVE). Dizze rjochtline jildt oant it momint wêrop yn in rjochterlike útspraak de pinning net lyksteld wurdt oan in rjochtsjildich dokumint, mar ...

Eltsenien hat selsbeskikkingsrjocht. Dit rjocht moat altyd earbiedige wurde. By in sirkulaasjestilstân binne alle reanimaasjerjochtlinen dúdlik; altyd starte mei reanimearjen. Hjirby is it, út medysk belang besjoen, saak om gjin tiid te ferliezen. Net reanimearje-pinningen binne op it momint fan reanimearjen yn it iepenbier troch earstehelpferlieners net te ferifiearjen. Allinnich in arts kin en mei de medyske behanneling stake. nei ferifikaasje fan de net-reanimearje-pinning en pas nei oerlis mei in kollega's. It net-reanimearjen of staken is dus nea oan de earstehelpferliener.

Noaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Herlitz J, Svensson L, Holmberg S, Angquist KA,Young M. Efficacy of bystander CPR: intervention by lay people and by health care professionals. Resuscitation. 2005 Sep;66(3):291-5.
  2. 'Mear kâns oerlibjen hertstilstân op Schiphol', http://www.telegraaf.nl/binnenland/72168221/_Meer_kans_overleven_hartstilstand_op_Schiphol_.html?p=5,1 bezocht op 2 oktober 2007)
  3. SOS-KANTO study group. Cardiopulmonary resuscitation by bystanders with chest compressions only (SOSKANTO):an observational study. Lancet 2007; 369: 920-26
  4. Nederlandse Reanimatieraad, Commentaar van de Nederlandse Reanimatie Raad op de «compression-only » studie in The Lancet van 17 maart 2007, aangetroffen op http://www.reanimatieraad.nl/_content/news/reactie%20katonstudie.pdf op 2 juli 2007

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Reanimatie fan Wikimedia Commons.