Reade Fries
De reade Fries is in earder Frysk koweras. Foar 1800 wie it moade om readbûnte kij te hawwen yn Fryslân. It ras is bekend fan syn sterke spieren en in ridlike molkeproduksje mei in goed fet- en aaiwytgehalte. Boppedat libbet it lang.
Yn de 19de iuw feroare de foarkar nei in swartbûnte kleurstelling. De fraach nei Frysk-Hollânske swartbûnte kij waard grutter. Tusken 1940 en 1960 wie dat it foarnaamste koweras yn 'e wrâld.
Nei 1960 begûn it fokken mei Amerikaanske bollen. De readbûnt fokkers brûkten it ras Red-Holstein om de molkeproduksje te ferheegjen. De Reade Fries begûn út te stjerren. Yn 1994 wiene der gjin readbûnte bollen mear allinnich noch guon mei Frysk-Hollânske âlden, noch wol in tsiental kij. It sie fan de lêste Reade Friesbolle mei de namme Kei, is opslein yn de Hollânske genebank. Troch Kees Iepema is doe de 'Stifting ta Behâld fan it Readbûnte Fryske Fee' oprjochte. Doel is om troch opkeapjen fan de lêste ôfstammelingen rassuvere neikommelingen werom te fokken. Der wurdt ek besjoen oft de Reade Fries ynsetten wurde kin yn natoergebieten fan It Fryske Gea. Sa wurdt it erflik materiaal op natuerlike wize bewarre. Mocht der letter ferlet wêze fan eigenskippen fan de Reade Fries, dan is it materiaal beskikber en bliuwt ek in stikje fan it Fryske libbene erfgoed sichtber.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|