Reûtov

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Reûtov
Новый храм на улице Победы - panoramio.jpg De tusken 2008-2014 boude Trijeienheidstsjerke fan Reutov
Flagge Wapen
Flag of Reutov (Moscow oblast).png Coat of Arms of Reutov (Moscow oblast).png
Sifers
Ynwennertal 106.962 (2019)
Oerflak 8,89 / km²
Befolkingstichtens 12.031,72 / km²
Stêdekloft
Hichte 160 m
Polityk
Lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Moscow oblast.svg Moskou
Oar
Stifting 1492 (?)
Tiidsône (UTC+3)
Webside Side stêd

Reûtov (Russysk: Ре́утов) is in stêd yn it oblast Moskou en leit 12 kilometer eastlik fan it sintrum fan Ruslân's haadstêd Moskou.

De measte skiedkundigen binne fan betinken dat Reûtov, doe noch it doarp Reûtovo, tusken 1492 en 1495 stifte waard. De namme giet mooglik op it wurd reut werom, in wachttoer mei klokken om Moskou te warskôgken as der fanút it easten fijannich folk fernommen waard.

Yn de 17e en 18e iuw hearde it doarp oan ferskate aadlike famyljes. Doe't it oan it begjin fan de 19e iuw in tekstylfabryk boud waard ferlear Reûtovo it meastepart fan syn lanlike karakter. Likernôch healwei de 19e iuw waard der noch in stienfabryk mei grutte wenkazernes foar de arbeiders byboud. Stadichoan ûnstie sa it fabryksdoarp Reûtovo.

Reûtovo krige yn 1913 in stasjon oan it spoar fan Moskou nei Nizjni Novgorod. Foar 1917 hie it doarp in befolking fan 3.300 ynwenners.

Op 7 oktober 1940 waard it arbeidersdoarp mei in dekreet offisjeel in stêd en krige it de namme Reûtov.

Yn de twadde helte fan de 20e iuw krige Reûtov ynstellings foar wittenskiplik ûndersyk. Dêrom waard de stêd yn 2003 de status fan in naûkograd, letterlik 'wittenskipsstêd', ferliend.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demografyske ûntwikkeling fan Kaljazin fan 1897 oant 2018
Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018
befolking 6.500 14.768 24.268 50.150 60.306 68.326 76.805 87.314 106.962