Ramadan Aitoty

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Ramadan Aitoty (1965 - Aldeboarn, 5 jannewaris 2005) wie in Koerd út Irak, dy't yn Nederlân asyl socht en dêr ek ferstoarn is. Hy wie doe 40 jier âld.

Ramadan Aitoty kaam út Mosul, en flechte omtrint 1996 yn 'e mande mei de frou fan syn âldere broer en dy harren bern nei Nederlân. Nei't se in skoftke yn in opfangsintrum libbe hienen, wennen se in skoft meiïnoar yn Wergea.

Yn de tiid dat syn broer ek nei Nederlân kaam ferfarde Ramadan nei de Tsjerkebuorren yn Aldeboarn. Hy wie yn dat doarp aktyf yn it doarpslibben, lykas de gondelfeart en de kampearpleats. Hy hie Nederlânsk leard, en ek wat Frysk.

Op 5 jannewaris 2005 waard Ramadan Aitoty slim ferwûne yn syn wente fûn, dêr't er hast daalks dêrnei ferstoar. Syn âldere broer waard fertocht, om't dy earder op de dei by Ramadan op besite west hie. Hy soe net goedkard hawwe dat Ramadan in relaasje hie mei in frou út Aldeboarn.

De broer bekende letter, mar sei dat syn frou en Ramadan it jierren mei inoar holden hienen, en dat er nei Ramadan tagien wie om dyselde te twingen en jou dat ta. Hy soe net fan doel west hawwe syn broer om te bringen. Lykwols waard er 3 maaie foar de moard op syn broer ta tsien jier finzenisstraf feroardiele.