Radolfzell am Bodensee
Radolfzell am Bodensee | ||
Sintrum | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
lânkring | Konstanz | |
Stedsyndieling | kearnstêd mei 6 stedsdielen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 31.582 (2021) | |
Oerflak | 58,55 km² | |
Befolkingsticht. | 539 ynw./km² | |
Hichte | 404 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 78315 | |
Koördinaten | 47° 44' N 8° 58' E | |
Offisjele webside | ||
www.radolfzell.de | ||
Kaart | ||
Radolfzell am Bodensee is in stêd yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De stêd is op twa nei de grutste stêd fan de lânkring Konstanz en de iennige stêd mei de tafoeging am Bodensee. Sûnt 1 jannewaris 1975 is de stêd in Große Kreisstadt.
Radolfzell is in kuerplak (Mettnaukur/Mettnau) en foarmet in knooppunt foar treinen. De stêd hat yndustry yn de masinebou, taleveringsbedriuwen foar de autoyndustry en tekstyl- en fiedingsmiddelenyndustry.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Radolfzell waard yn it jier 826 as de Cella Ratoldi stifte troch biskop Radolf fan Verona (amtstiid 799 oant 840, ferstoarn yn 847).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Radolfzell leit oan de noardwestlike igge fan de Bodensee, oan it diel dat de Untersee hjit. It stedsgebiet leit by de Bodensee tusken 395 meter boppe de seespegel oant 675 meter boppe seenivo by it doarp Liggeringen. Oan de eastlike kant leit yn it doarpsgebiet fan Möggingen de likernôch twa kilometer lang en 600 meter brede Mindelsee.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de stêd hearre sûnt de weryndielings fan 1974 ek de earder selsstannige plakken:
- Böhringen
- Güttingen
- Liggeringen
- Markelfingen
- Möggingen
- Stahringen
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Us-leaffrou fan Radolfzell
-
Bodensee by Radolfzell
-
Kriichsmonumint
-
Lânskip by Möggingen
-
Iepenloftpoadium by de haven
-
Tsjerke fan Stahringen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Radolfzell am Bodensee.
|