Radio en Tillefyzje Smellingerlân
| Radio en Tillefyzje Smellingerlân | ||
| algemiene ynformaasje | ||
| nasjonaliteit | ||
| medium | Radio, Telefyzje | |
| taal | Frysk, Nederlânsk | |
| oprjochte | 1987 | |
| opheft | 28 april 2005 | |
| opgien yn | Smelne FM | |
| haadkertier | Drachten, Smellingerlân | |
| útstjoergebiet | ||
| ûntfangstgebiet | Smellingerlân | |
| frekwinsje | ||
| FM | 107,8 mhz | |
Radio en Tillefyzje Smellingerlân, RTS (Radio en Televisie Smallingerland), wie de namme fan de lokale omrop fan Smellingerlân. De omrop wie yn 1987 begûn as Stifting Lokale Omrop Smellingerlân (SLOS).
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar telefyzje hierde de omrop in part fan it gebou en waarden der fiif betelle meiwurkers oannaam. Op 6 oktober 2001 begûn de omrop as RTS mei telefyzje, op 256 MHz, kanaal 12. De RTS ynvestearre yn goede kwaliteit radio en telefyzje. It die lykwols bliken dat der net genôch jild wie, en der waard troch de gemeente in protte jild yn de omrop stutsen. Uteinlik besleat de gemeente der net mear jild yn te stekken, mar te hoopjen op in nij begjin. Op febrewaris 2005 gong de omrop doe fallyt.
Lêste útstjoering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei telefyzje en kabelkrante waard daalks opholden, mar de frijwilligers gongen noch twa moanne troch mei radio meitsjen. Tongersdei 28 april om tolve oere nachts waard de útstjoering ôfsletten. De stjoerder bleau lykwols oanstean. Mear as twa moannen lang waard in piip sinjaal útstjoerd, oant de stjoerder 6 july yn beslach naam waard.
Frekwinsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De útstjoerfrekwinsje fan de RTS wie 107,8. In probleem dêrby wie dat de HOS, yn it Hearrenfean, op 107,7 siet, wat foar beide stjoerders steuring joech. Op de kabel waard it sinjaal as 96,1 trochjûn.