Springe nei ynhâld

Radio en Tillefyzje Smellingerlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan RTS)

Radio en Tillefyzje Smellingerlân, RTS (Radio en Televisie Smallingerland), wie de namme fan de lokale omrop fan Smellingerlân. De omrop wie yn 1987 begûn as Stifting Lokale Omrop Smellingerlân (SLOS).

Yn 2001 hierde de omrop in kantoarendiel fan it gebou en waarden der fiif betelle meiwurkers oannaam. Op 6 oktober 2001 begûn de omrop as RTS mei tillefyzje, op 256 MHz, kanaal 12. De RTS ynvestearre yn goede kwaliteit radio en tillefyzje. It die lykwols bliken dat der net genôch jild wie, en der waard troch de gemeente in protte jild yn de omrop stutsen. Uteinlik besleat de gemeente der net mear jild yn te stekken, mar te hoopjen op in nij begjin. Op febrewaris 2005 gong de omrop doe failliet.

Lêste útstjoering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei tillefyzje en kabelkrante waard daalks opholden, mar de frijwilligers gongen noch twa moannen troch mei radiomeitsjen. Tongersdei 28 april om tolve oere nachts waard de útstjoering ôfsletten. De stjoerder bleau lykwols oanstean. Mear as twa moannen lang waard in piipsinjaal útstjoerd, oant de stjoerder 6 july yn beslach naam waard.

De útstjoerfrekwinsje fan de RTS wie 107,8. In probleem dêrby wie dat de HOS, yn it Hearrenfean, op 107,7 siet, wat foar beide stjoerders steuring joech. Op de kabel waard it sinjaal as 96,1 trochjûn.