ROC Friese Poort

It ROC Friese Poort (Nederlânsk foar Fryske Poarte) is in regionaal opliedingssintrum yn Fryslân en Flevolân. De skoalle hat fêstigingen yn Dokkum, Drachten, Emmeloard, Ljouwert, Snits en op Urk. It kristlike opliedingssintrum bestiet út fjouwer ûnderdielen:
ROC Friese Poort | Middelber beropsûnderwiis en edukaasje mei folslein deiûnderwiis, dieltiidûnderwiis en lear-wurktrajekten foar jongerein en folwoeksenen |
⌊ Sintrum Fakopliedingen | op praktyk rjochte oplieding foar bedriuwen, ynstellingen en partikulieren |
⌊ Oplieding & Trening | Opliedingen en treningen op maat foar bedriuwen en ynstellingen |
⌊ Jûnakademy | Opliedingen en kursussen foar folwoeksenen |