Oerslavysk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Proto-Slavysk)

It Oerslavysk of Proto-Slavysk is de suver hypotetyske mienskiplike oertaal fan de oarspronklike Slaven, dy't sûnt de 6e iuw útinoar fallen is yn ûnderskate Slavyske talen. Der is gjin inkel bewiis dat it Oerslavysk oait bestien hat en der is nimmen dy't mei wissichheid sizze kin hoe't it der krekt útsjoen hat. Alle wurden en foarmen binne troch taalwittenskippers rekonstruerre op basis fan de besteande Slavyske talen en fral ek it Aldtsjerkeslavysk út de 9e iuw, wêr't it nau besibbe oan is. Dy rekonstruksjes wurde fral brûkt foar etymologyske ferlikings mei oare Yndo-Jeropeeske talen en ek tusken ferskillende Slavyske talen ûnderinoar.


Dit artikel is in stobbe oer taal.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.