Springe nei ynhâld

Protestantske tsjerke (Sankt Goarshausen)

Ut Wikipedy
Protestantske tsjerke (Sankt Goarshausen)
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Sankt Goarshausen
adres 50° 9′ 12.75″ N, 7° 43′ 5.89″ EEvangelyske Tsjerke yn Dútslân
Webside
evangelischmittelrhein.de
Kaart
Protestantske tsjerke (Rynlân-Palts)
Protestantske tsjerke


[[File:|thumb|300px|Sankt Goarshausen, Protestânske tsjerke]] De Protestantske tsjerke Sankt Goarshausen (evangelische Kirche Sankt Goarshausen) stiet yn Sankt Goarshausen yn it Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

It gebou makket sûnt 2002 diel út fan it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Middenryndelte.

Sankt Goarshausen, Protestânske tsjerke, ynterieur

Fanwegen de oanlis fan it spoar moast de âlde protestânske tsjerke fan Sankt Goarshausen yn 1827 ôfbrutsen wurde. Hjirfoar krige de tsjerke fan it regear in skeafergoeding fan 27.000 gûne. Mei dit bedrach moast troch de boumaster Eduard Zais (1804-1895) in nije tsjerke boud wurde.

De earste stien waard op 25 april 1861 lein en op 2 july 1863 fûn de wijing fan de nijbou plak. De kosten fan de bou wiene folle heger as de skeafergoeding en bedroegen 40.000 gûne. De arsjitekt ûntwurp in rike gevel mei in hege spitse toer en dakfialen. It ynterieur bleau ienfâldich, mar krige wol in moai kassettenplafond. De brânskildere ramen yn it koar waarden letter yn 1929 troch Otto Linnemann makke.

Nei de skea yn de Twadde Wrâldkriich waard de toer koarter en ôfsletten mei in wulfdak. Ek de gevel krige in ienfâldiger oansjen en de rûmte fan it koar waard feroare.

De tsjerke stiet tsjintwurdich op de monumintelist fan it Rhein-Lahn-Kreis.

It oargel waard yn 1863 troch Christian Friedrich Voigt (Igstadt by Wiesbaden) boud. Yn de rin fan de tiid waard it ynstrumint ferskate kearen feroare, benammen yn de jierren 1957–1974. Yn 2006 waard it oargel lykwols yn it ramt fan in restauraasje troch de orgelbouwer Rainer Müller út Merxheim wer yn de âlde steat werom brocht. It instrumint hat 18 registers ferdield oer twa manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]