Protestantske tsjerke fan De Harkema

Ut Wikipedy
Protestantske tsjerke fan De Harkema
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak De Harkema
koördinaten 53° 11' N 6° 8' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Protestantske Tsjerke yn Nederlân
Arsjitektuer
boujier 1928
Webside
PKN gemeente De Harkema
Kaart
Protestantske tsjerke fan De Harkema (Fryslân)
Protestantske tsjerke fan De Harkema

De Protestantske tsjerke oan de Warmoltsstrjitte is de eardere herfoarme tsjerke en tsjintwurdich it tsjerkegebou fan de PKN gemeente fan De Harkema.

Stifting gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente waard yn 1928 oprjochte as "grifformearde gemeente yn hersteld ferbân" nei't in diel fan de grifformearde gemeente him ôfsnije liet fanwegen de skorsing fan dûmny Van Leeuwen. Van Leeuwen hie him earder yn 'e saak Geelkerken aktyf oan 'e side fan 'e Amsterdamske dûmny opsteld. Dat brocht de dûmny yn konflikt mei de tsjerkeried, dy't ien sile luts mei de grifformearde synoade.

Tsjerkegebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevelstien

No hiene de grifformearden gjin dûmny mear mar wol in gebou, wylst de ôfsplitste gemeente al in dûmny, mar gjin gebou hie. Ynearsten koe de gemeente gebrûk meitsje fan in skuorre, dy't letter kocht waard en dêr't foar 200 minsken plak wie. Op 25 novimber 1927 holden de "hokkelingen", sa't de leden fan 'e ôfsplitste gemeente gekoanstekkend neamd waarden, foar it earst in tsjinst yn 'e skuorre. Noch gjin heal jier letter waard der in lape heide oankocht foar de bou fan in echte tsjerke. De earstestienlizzing foar de nijbou fûn plak op 10 july 1928 en fjouwer moanne letter waard op 8 novimber de tsjerke yn gebrûk nommen. By de iepening wie ek Geelkerken sels oanwêzich, dy't yn it ramt fan 'e gelegeheid in taspraak hold.

Herfoarme gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 maaie 1946 waarden de Grifformearde Tsjerken yn Hersteld Ferbân gearfoege mei de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke en dus moast der earst in herfoarme gemeente op 'e Harkema ynsteld wurde. Net alle hûshâldings op 'e Harkema woene oergean nei de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke en de measten dêrfan sochten in nij hinnekommen by de kristlik-grifformearde gemeente fan Droegeham.

Yn 1996 fierde de herfoarme gemeente fan 'e Harkema it fyftich jierrich bestean.

PKN-gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004 fúzjearre de herfoarme gemeente fan De Harkema mei de Protestanstke Tsjerke yn Nederlân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: