Prix Aurora
Appearance
Prix Aurora | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
útrikt foar | SF- & fantasyliteratuer | |
útrikt troch | CSFFA | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | tusken maaie en novimber | |
plak | wikselet | |
ynsteld | 1980 | |
1e útrikking | 1980 | |
offisjele webside | ||
www.prixaurora.ca |
De Prix Aurora, foarhinne de Canadian Science Fiction and Fantasy Award, is in Kanadeeske priis dy't elts jier útrikt wurdt foar de as bêste beoardiele wurken op it mêd fan 'e science fiction en fantasy fan it foargeande jier. Der binne ferskate kategoryen, mei dêrûnder Ingelsk- en Frânsktalige literatuer, omslachûntwerpen en aktiviteiten fan fans. De prizen wurde sûnt 1980 útrikt troch de Canadian SF and Fantasy Association (CSFFA) op 'e saneamde Canvention, de Kanadeeske nasjonale science fiction- en fantasykonvinsje. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Kategoryen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- profesjonele prizen foar Ingelsktalich wurk (Prix Aurora)
- bêste roman
- bêste jeugdroman
- bêste koarte fiksje
- bêste grafyske roman
- bêste poëzij/liet
- bêste besibbe wurk
- bêste omslachkeunstner
- profesjonele prizen foar Frânsktalich wurk (Prix Aurora Boréal)
- bêste Frânsktalige roman
- bêste Frânsktalige koarte fiksje
- bêste Frânsktalige grafyske roman
- bêste Frânsktalige poëzij/liet
- bêste Frânsktalige besibbe wurk
- fanprizen (foar sawol Ingelsk- as Frânsktalich wurk)
- bêste publikaasje troch (in) fan(s)
- bêste tydskrift troch (in) fan(s)
- bêste filk-liet troch (in) fan(s)
- bêste besibbe wurk troch (in) fan(s)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |