Presidium (Moskou)

Ut Wikipedy
Presidium

14-й корпус

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
bysûnderheden
boujier 1932-1934
sloopjier 2016
arsjitekt Ivan Ivanovitsj Rerberg
boustyl Neoklassisisme

It Presidium yn it Kremlyn (Russysk: Административный корпус Кремля), dat ek bekend stie ûnder Gebou 14 (Russysk: 14-й корпус), wie in bouwurk yn it kremlyn fan Moskou, Ruslân. It waard yn de jierren 1932-1934 boud foar it Reade Leger. Fanôf 1938 tsjinne it gebou foar de Opperste-Sovjet, it heegste bestjoersorgaan fan de Sovjet-Uny. Nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny wiene yn it gebou de presidinsjele kantoaren ûnderbrocht. It Presidium is yn 2016 ôfbrutsen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Presidium waard tusken 1932 en 1934 neffens in ûntwerp fan Ivan Ivanovitsj Rerberg op it plak fan it yn 1929 sloopte Tsjûdovkleaster út 1365, it Himelfeartkleaster en it Lytse Nikolaaspaleis boud. Josef Stalin liet dy gebouwen yn 1929 ôfbrekke as ûnderdiel fan de ateïstyske steatskampanje, dy't in weach fan ferneatiging fan tsjerklike gebouwen ta gefolch hie.

Twa jier nei de dea fan de arsjitekt waard it Presidium foltôge. Ynearsten die it gebou tsjinst as de Militêre Akademy foar ofsieren fan it Reade Leger. De Akademy ferhûze yn 1935 en sûnt 1938 waard it gebou ornearre foar de kantoaren fan it Presidium fan de Opperste-Sovjet.

Fan 1958 oant en mei 1961 die in diel fan it gebou tsjinst as it Kremlyn-teater mei in auditorium mei 1.200 sitplakken. De lokaasje wie lykwols ûngelokkich útsocht en it teater ferhûze yn 1961 nei it nij boude Steatspaleis fan ut Kremlyn.

Ofbraak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste renovaasjes fan it Presidium waarden yn 2001 útfierd. Nei't de kantoaren yn 2011 ferhûzen nei Staraje Plosjad (Alde Plein) waard in begjin makke mei de grutskalige renovaasje, dy't neffens plan oant 2015 duorje soe. Alhoewo't der al in soad wurk ferset wie, dat troch guon as jildfergrimerij fan mienskipsjild bekritisearre waard, kamen der yn de rin fan de tiid oare útstellen foar it gebou.

Yn 2014 stelde Vladimir Pûtin ynienen foar om op it plak fan it Presidium de eardere kleasters en it Nikolaaspaleis te rekonstruearjen. Dêrmei soe in histoaryske oansjen fan dit diel fan it kremlyn in eare hersteld wurde. Alhoewol't Pûtin mei klam ûnderstreke dat syn wurden net in as in definityf beslút sjoen wurde moast, lieten de direkteur fan it Kremlyn-Museum Andrej Batalov en de direkteur fan it Moskouse Arsjitektuer-Ynstitút Dmitri Sjvidkovsky witte ree te wêzen om it histoarysk ûndersyk foar dat projekt te lieden.

Yn it midden fan novimber 2015 waard it beslút nommen it Presidium te slopen. Tagelyk waard ek ynformaasje bekend makke foar de ûntwikkeling fan it projekt om de kleasters en it paleis te rekonstruearjen. In definityf beslút sil letter folgje. It Presidium waard yn de maaitiid fan 2016 ôfbrutsen. Op it frijkommen gebiet binne paden, lantearns en grien oanlein.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:14-й корпус Кремля